Jevgeny Romanovitsj Grisjin (Toela, 23 maart 1931 - Moskou, 9 july 2005) wie in Russysk reedrider dy't útkaam foar de Sovjet-Uny.

Hy die acht kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, seis kear oan it Europeesk kampioenskip allround en fjouwer kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1956, 1960, 1964 en 1968). Grisjin waard sawol yn 1956 as 1960 olympysk kampioen op de 500 en de 1500 meter. Beide kearen moast er it earste plak op de 1500 meter diele; yn 1956 mei syn lângenoat Joeri Michajlov (2.08,6) en yn 1960 mei de Noar Roald Aas (2.10,4). Ek by de Winterspullen fan 1964 like it derop dat er olympysk kampioen wurde soe op de 500 meter, mar Grisjin waard ûnferwachts ferslein troch de ûnbekende Amerikaan Richard McDermott. Jevgeny Grisjin ferstoar op 9 july 2005, yn 'e âldens fan 74 jier.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 39,528 jannewaris 1963 Medeo, Alma-Ata1000 meter1.22,822 jannewaris 1955 Medeo, Alma-Ata1500 meter2.06,617 jannewaris 1968 Medeo, Alma-Ata3 km4.39,712 jannewaris 1963 Medeo, Alma-Ata5 km8.17,719 jannewaris 1955 Medeo, Alma-Ata10 km17.05,017 jannewaris 1965 Pista Olimpica, Madonna

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 195411e19559e16e1956500 m, 1500 m, 19575e15e1960 17e500 m, 1500 m, 196117e18e1962Net finisht17e1963 18e1964 500 m, 1500 m, 11e1968 500 m, 4e

Kategory:Russysk reedrider Kategory:Russysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2005