De Beafeartstsjerke fan Wirzenborn is in beafeartstsjerke yn Wirzenborn, in stedsdiel fan Montabaur, yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Skiednis thumb|left|200px|Genedebyld Alhoewol't de beafeartskapel fan Wirzenborn foar it earst yn 1497 neamd waard, bestie de kapel yn dy tiid al langer. De beafearten waarden fanút Montabaur organisearre en mooglik nei de grutte stedsbrân yn it jier 1491 útein set. Tusken 1498 oant 1510 waard de hjoeddeiske tsjerke boud. De datearing fan it genedebyld yn de tsjerke wurdt fanwegen de foarm rûsd op it jier 1380, mar it kaam pas yn 1600 nei Wirzenborn en it byldsje hearde oarspronklik nei alle gedachten yn in benediktynsk kleaster yn it Westerwald.

Yn de 18e iuw waarden oan it âlde beafeartspaad fan Monatabaur nei Wirzenborn in krúswei oprjochte mei fyftjin staasjes. De krúswei bestiet noch, mar is foar in part fernijd.

Under aartsbiskop Clemens Wenzeslaus fan Trier waarden yn 1784 alle prosesjes fan langer as in oere te gean ferbean. Dat betsjutte doe ek it ein fan de beafeart nei Wirzenborn. Pas yn 1890 nei de Kulturkampf en letter nei 1945 waarden der wer beafearten organisearre.

De beafearttsjerke falt ûnder de parochy St. Peter in Ketten (Montabaur).

Kategory:Montabaur Kategory:Tsjerkegebou yn Rynlân-Palts Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Limburch Kategory:Bouwurk út 1510 Kategory:Beafeartstsjerke