De kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Erethizontidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) en de boppefamylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontoidea). Ta dizze taksonomyske groep hearre 19 libbene soarten kjifstikelbargen, dy't op ien nei allegear foarkomme yn Súd-Amearika en/of Midden-Amearika. De útsûndering is de oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Erethizon dorsatum), de bekendste soarte, dy't yn Noard-Amearika libbet.

Skaaimerken Kjifstikelbargen fan 'e Nije Wrâld binne stevich boude bisten, mei in stompe, rûnige kop, in beweechlike snút en in pels dy't foar in grut part bestiet út grouwe, sylinderfoarmige of ôfplatte stikels, dy't tusken lange, sêfte hierren yn groeie. De kjifstikelbargen fan 'e Nije Wrâld fariëarrje yn grutte fan 'e lytse grypsturtkjifstikelbargen, dy't mar sa'n 30 sm lang binne en 0,9 kg weagje, oant de oerzon, dy't 86 sm lang is en wol in gewicht fan 18 kg berikke kin. Se binne it meast nachts aktyf, mar binne strikt nommen gjin nachtdieren, om't se oerdeis ek wol foar 't ljocht komme. Alle soarten kinne goed klimme, mar guon libje har hiele libben yn 'e beammen, wylst oaren har nêst op 'e grûn meitsje.

Klassifikaasje

famylje kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae) ûnderfamylje boarstelsturtbeamkjifstikelbargen (Chaetomyinae) skaai boarstelsturtbeamkjifstikelbargen (Chaetomys) boarstelsturtbeamkjifstikelbaarch (Chaetomys subspinosus ) ûnderfamylje echte kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontinae) skaai berchkjifstikelbargen (Echinoprocta) berchkjifstikelbaarch (Echinoprocta rufescens) skaai Disteiromys † skaai dwerchgrypsturtkjifstikelbargen (Sphiggurus) brune wolhierrige dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus vestitus) grauwe wolhierrige grypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus pruinosus) Meksikaanske wolhierrige grypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus mexicanus) oranjestikelige wolhierrige dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus villosus) roosmalendwerchgrypsturtkjifstikelbaarch of Roosmalens dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus roosmalenorum) streekte dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus ichillus) Súdamerikaanske wolhierrige dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus spinosus) swartsturte wolhierrige grypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus melanurus) wolhierrige grypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus insidiosus) skaai Eosteiromys † skaai grypsturtkjifstikelbargen (Coendou) Andesgrypsturtkjifstikelbaarch (Coendou quichua) Atlantyske grypsturtkjifstikelbaarch (Coendou speratus) (in koartby ûntdutsen nije soarte) gewoane grypsturtkjifstikelbaarch of grypsturtkjifstikelbaarch (Coendou prehensilis) rothschildgrypsturtkjifstikelbaarch Rothschilds grypsturtkjifstikelbaarch (Coendou rothschildi) Santa Martagrypsturtkjifstikelbaarch (Coendou sanctamartae) swarte dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Coendou nycthemera) twakleurige grypsturtkjifstikelbaarch (Coendou bicolor) skaai Hypsosteiromys † skaai Neosteiromys † skaai oerzons of Noardamerikaanske beamkjifstikelbargen (Erethizon) oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Erethizon dorsatum) skaai Parasteiromys † skaai Protosteiromys † skaai Steiromys †

Kategory:Kjifstikelbaarch fan de Nije Wrâld Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Kjifdier