De echte kavia's (wittenskiplike namme: Caviinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), de boppefamylje fan 'e kavia-eftigen (Cavioidea) en de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae).
Ta dizze taksonomyske groep hearre in stik as 15 libbene soarten, dy't allegear foarkomme yn Súd-Amearika. De bekendste soarte is de gewoane kavia of hûskavia, dy't in protte as húsdier holden wurdt. Der binne trije skaaien. Resint DNA-ûndersyk liket út te wizen dat dêrfan de dwerchkavia's (Microcavia) en de kavia's (Cavia) nauwer mei-inoar besibbe binne as dat hja mei de gieltoskkavia's (Galea) besibbe binne.
Klassifikaasje
ûnderfamylje echte kavia's (Caviinae) skaai Allocavia † skaai Caviops † skaai Dolicavia † skaai dwerchkavia's (Microcavia) súdlike dwerchkavia (Microcavia australis) Andesdwerchkavia (Microcavia niata) shiptondwerchkavia of Shiptons dwerchkavia (Microcavia shiptoni) skaai gieltoskkavia's (Galea) Brazyljaanske gieltoskkavia (Galea flavidens) Meunsterske gieltoskkavia (Galea monasteriensis) spixgieltoskkavia of Spix' gieltoskkavia (Galea spixii) wezelingkavia of gewoane gieltoskkavia (Galea musteloides) skaai kavia's (Cavia) Amazônekavia (Cavia fulgida) Anolaimakavia (Cavia anolaimae) (mooglik in ûndersoarte fan 'e hûskavia) berchkavia (Cavia tschudii) Brazyljaanske kavia (Cavia aperea) grutte kavia (Cavia magna) Guyanakavia (Cavia guianae) (mooglik in ûndersoarte fan 'e hûskavia) kavia of hûskavia (Cavia porcellus) tuskenbeiden kavia (Cavia intermedia) skaai Macrocavia † skaai Neocavia † skaai Neoprocavia † skaai Palaeocavia † skaai Pascualia †
Kategory:Kavia-eftige