De kavia's (wittenskiplike namme: Cavia) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), de boppefamylje fan 'e kavia-eftigen (Cavioidea), de lyknammige famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte kavia's (Caviinae). Ta dizze taksonomyske groep hearre in stik as 6 oant 8 libbene soarten, dy't allegear foarkomme yn Súd-Amearika. De bekendste soarte is de gewoane kavia of hûskavia, dy't in protte as húsdier holden wurdt.
Klassifikaasje
skaai kavia's (Cavia) Amazônekavia (Cavia fulgida) Anolaimakavia (Cavia anolaimae) (mooglik in ûndersoarte fan 'e hûskavia) berchkavia (Cavia tschudii) Brazyljaanske kavia (Cavia aperea) grutte kavia (Cavia magna) Guyanakavia (Cavia guianae) (mooglik in ûndersoarte fan 'e hûskavia) kavia of hûskavia (Cavia porcellus) tuskenbeiden kavia (Cavia intermedia)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Kavia-eftige