De tsjintsjilla's en berchfyskatsja's (wittenskiplike namme: Chinchillinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), de boppefamylje fan 'e tsjintsjilla-eftigen (Chinchilloidea) en de famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 6 libbene soarten tsjintsjilla's en berchfyskatsja's, dy't allegear foarkomme yn 'e Andes, fan súdwestlik Súd-Amearika.
Klassifikaasje
ûnderfamylje tsjintsjilla's en berchfyskatsja's (Chinchillinae) skaai berchfyskatsja's (Lagidium) cuvierfyskatsja of Cuviers fyskatsja (Lagidium viscacia) Ekwadoraanske fyskatsja (Lagidium ahuacaense) (in nije soarte, foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 2009) Perûviaanske fyskatsja (Lagidium peruanum) súdlike fyskatsja (Lagidium wolffsohni) skaai tsjintsjilla's (Chinchilla) keningstsjintsjilla (Chinchilla chinchilla) tsjintsjilla (Chinchilla lanigera)
Kategory:Wolmûs