thumb|Robert J. Flaherty dwaande mei filmopnames yn Port Harrison, Kebek, 1920-21 Robert Joseph Flaherty (Iron Mountain, 16 febrewaris 1884 – Dummerston, 23 july 1951) wie in Amerikaansk filmregisseur en dokumintêremakker, dy't fral bekend wurden is fan syn dokumintêrefilm Nanook of the North út 1922. Teffens wie er de betinker fan it nije sjenre dokufiksje mei de film Moana (1926), en wurdt er rekkene ta de pioniers fan de etnografyske film en de dokumintêrefilm.

Flaherty wie fan 1914 oant syn dea boaske oan de skriuwster Frances Johnson Hubbard. Frances die harres oan it skript fan ferskate films fan har man.

Flaherty Island, ien fan de Belchereilannen, is nei him ferneamd.

Filmografy

Nanook of the North (1922) The Pottery Maker (1925) Moana (1926) The Twenty-four Dollar Island (1927), in koarte dokumintêre oer New York White Shadows in the South Seas (1928) Acoma the Sky City (1929; net ôfmakke) Tabu (1931), yn 'e mande mei F. W. Murnau Industrial Britain (1931) Man of Aran (1934) Elephant Boy (1937) The Land (1942), dokumentêre foar it Amerikaansk Departemint fan Lânbou Louisiana Story (1948) The Titan: Story of Michelangelo (1950)

Prizen en erkenningen De BAFTA hat de Robert J. Flaherty Award foar bêste dokumintêre.BAFTA's Robert J. Flaherty Award Yn 1913 waard Flaherty opnaam yn de Royal Geographical Society. Letter waard er beneamd ta fellow en mocht dêrom de titel FRGS (Fellow of the Royal Geographic Society) efter syn namme sette.

Keppelings om utens Robert J. Flaherty yn de IMDb Robert Flaherty Film Seminar

Kategory:Amerikaansk dokumintêremakker Kategory:Amerikaansk filmregisseur Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1951