Beyoncé Knowles (útspr.: /biːˈjɒnseɪ: noʊlz/; folút: Beyoncé Giselle Knowles-Carter, en ek wol simpelwei bekend as: Beyoncé; Houston (Teksas), 4 septimber 1981), is in Amerikaansk sjongster, dûnseresse, lietsjeskriuwster, goreografe, aktrise, regisseur, muzykprodusinte, moadeûntwerpster en ûndernimster fan mingd etnysk komôf. Hja naam as bern diel oan ferskate sjong- en dûnswedstriden, en briek oan 'e ein fan 'e njoggentiger jierren troch as de lead-sjongster fan 'e fammegroep Destiny's Child. Yn 2003 fêstige Knowles mei har debútalbum Dangerously in Love har solokarriêre, dat nei it útinoar fallen fan Destiny's Child, yn 2005, koe hja daliks in trochstart meitsje. Mei 20 Grammys, in Emmy, 75 miljoen ferkochte platen as solo-artyste en dêropta nochris 60 miljoen as lid fan Destiny's Child is Knowles ien fan 'e grutste en bêstferkeapjende muzykartysten aller tiden. Njonken har sjongkarriêre hat hja har ek oppenearre as aktrise, wêrby't se û.m. de op Diana Ross basearre rol fan lead-sjongster yn in jierren-sechtichfammegroep fertolke yn 'e film Dreamgirls. Guon fan har bekendste nûmers binne Crazy in Love, Irreplaceable, Single Ladies (Put a Ring on It), If I Were a Boy en Halo.

Libben en karriêre Komôf Beyoncé Knowles waard yn 1981 berne yn Houston, yn 'e steat Teksas, as de dochter fan Mathew Knowles, it haad ferkeap by kopiëarmasinefabrikant Xerox, en Celestine Ann "Tina" Beyincé, de eigneresse fan in kapsalon. Har ûngebrûklike foarnamme is in tribút oan har memme famkesnamme. Hja hat in jongere suster, Solange, dy't ek sjongster is. Oan har heitekant is hja fan Afro-Amerikaansk komôf, en oan har memmekant grutdiels fan Louisiaansk-Kreoalsk komôf, fermongen mei Yndiaansk, Cajun, Frânsk en Iersk bloed. Ien fan har foarâlden wie de Akadyske foaroanman Joseph Broussard, byneamd Beausoleil.

Jonkheid Op 'e legere skoalle, yn Fredericksburg, folge Knowles al dûnslessen. It wie ek dêr, dat har sjongtalint ûntdutsen waard. Mei sân jier wûn hja in talintejacht foar skoallearlingen, wêrby't hja bern fan fyftjin en sechstjin jier fersloech. Sadwaande skreaune har âlden har yn 1990 yn op 'e Parker Elementary School yn Houston, dêr't in grut diel fan it lesprogramma op muzyk rjochte wie. Dêrnjonken song Knowles ek yn in tsjerkkoar. Mei acht jier foarmen Knowles, har kammeraatske Kelly Rowland en fjouwer oare famkes nei in audysje de fammegroep Girl's Tyme. Koarte tiid letter die dy groep mei oan 'e talintejacht Star Search, dy't yn 'e Feriene Steaten útstjoerd waard op 'e nasjonale tillefyzje, mar se foelen bûten de prizen.

Yn 1995 joech Knowles har heit syn baan op om foltiids manager fan Girl's Tyme te wurden. Dêrtroch waard syn ynkommen mei de helte werombrocht, en fan gefolgen moast it gesin Knowles harren hûs ferkeapje en kamen Beyoncé har âlden yn aparte apartemintsjes te wenjen. Ien fan Mathew Knowles syn earste besluten as manager wie om 'e leden fan 'e groep werom te bringen fan seis nei fjouwer. De trochbraak fan Girl's Tyme bleau út, en doe't de finansjele swierrichheden dêrtroch oanboazen, rekke de relaasje fan Knowles har âlden yn swierwaar. Yn 1996 koe de groep troch in oerienkomst mei Sony Music einlings begjinne mei it opnimmen fan it debútalbum, wat late ta in fermoedsoening binnen de Knowles-famylje. Koarte tiid letter wist Mathew Knowles foar de famkes in kontrakt by Columbia Records yn 'e wacht te slepen.

Destiny's Child Girl's Tyme feroare yn 1996 syn namme yn Destiny's Child ("Bern fan it Lot"), op grûn fan in passaazje út it boek Jesaja, dy't útkeazen wie troch Knowles har bibelfêste mem. Yn 1997 waard it earste liet by in grut muzyklabel útbrocht: Killing Time, dat ûnderdiel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e súksesfolle Hollywood-film Men in Black. It jiers dêrop kaam it debútalbum út, dat ek fan Destiny's Child hiet, mei dêrop û.m. de earste grutte hit fan 'e groep: it nûmer No, No, No. It twadde album, The Writing's on the Wall (1999) waard ferskate kearen platina, en befette nûmers as Bills, Bills, Bills, Jumpin' Jumpin' en Say My Name. Dat lêste nûmer waard ien fan 'e grutste hits fan Destiny's Child, dêr't de groep syn earste beide Grammy Awards mei binnenhelle. Wrâldwiid waarden der fan The Writing's on the Wall mear as 8 miljoen eksimplaren ferkocht.

Om dy tiid hinne ûntstie der rebûlje yn 'e band, doe't twa fan 'e fjouwer leden, LaTavia Roberson en LeToya Luckett, har nocht krigen fan 'e Mathew Knowles syn oerhearskjende hâlding. Hja ferlieten úteinlik de groep en waarden ferfongen troch Farrah Franklin en Michelle Williams. Yn 'e media krige Beyoncé Knowles de skuld hjirfoar op 'e lea skood en har langjierrige freon makke der de ferkearing om út, dat fan gefolgen rekke hja swier depressyf, wat ferskate jierren oanhold. Franklin koe al rillegau wer opstappe, en Destiny's Child gie fierder mei inkeld Knowles, Kelly Rowland en Michelle Williams. Yn dy gearstalling naam de band it nûmer Independent Woman Part I op, dat ûnderdiel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e film Charlie's Angels, en dat alve wiken efterinoar op nûmer 1 stie yn 'e Amerikaanske hitlisten. Yn 2001 kaam it album Survivor út, mei as grutste hits Bootylicious en de titelsong Survivor, dy't Destiny's Child op 'e nij in Grammy Award opsmiet. Mar nei't yn oktober 2001 it krystalbum 8 Days of Christmas útbrocht wie, waard oankundige dat Destiny's Child foarearst stillein waard, sadat de bandleden elts in solokarriêre prebearje koene.

Solokarriêre Knowles har earste muzykopname los fan Destiny's Child wie har bydrage oan it nûmer ’03 Bonnie & Clyde, fan rapper Jay-Z, yn oktober 2002. Har earste solo-album, mei as titel Dangerously in Love, kaam út yn juny 2003, nei't sawol Michelle Williams as Kelly Rowland in eigen album publisearre hiene. Fan Dangerously in Love, dat boppe-oan yn 'e albumlisten binnenkaam, giene allinnich al yn 'e earste wike 317.000 eksimplaren oer de toanbank. Uteinlik soene der wrâldwiid mear as 11 miljoen eksimplaren fan ferkocht wurde, wêrmei't it yn 'e Feriene Steaten fjouwer kear platina waard, yn Austraalje en Grut-Brittanje trije kear platina en yn Dútslân, Kanada en Nij-Seelân ien kear platina. De meast súksesfolle nûmers wiene Crazy in Love, Baby Boy, Naughty Girl en Me, Myself and I. Ein 2003 gie Knowles op toernee yn Jeropa en lettere ek yn 'e Feriene Steaten, en op 1 febrewaris 2004 waard hja útornearre om it Amerikaanske folksliet te sjongen oan it begjin fan 'e Super Bowl, de bêst besjoene Amerikaanske sportwedstryd fan it jier.

Hoewol't Knowles eins fan doel west hie om daliks in twadde solo-album út te bringen, lei se dat wurk earst oan kant om mei Rowland en Williams in lêste album fan Destiny's Child te meitsjen. Dat album, Destiny Fulfilled, kaam yn novimber 2004 út, mei as grutste hits Soldier en Lose My Breath. Neitiid gie de groep op in wrâldtoernee, wêrby't Kelly Rowland op 11 juny 2005 yn Barseloana oankundige dat oan 'e ein fan it toernee definityf it doek falle soe foar Destiny's Child.

Yn septimber 2006 brocht Knowles har twadde solo-album út, B'Day, dêr't yn 'e earste wike 541.000 eksimplaren fan ferkocht waarden. De lead-single Déjà Vu, mei rapper Jay-Z, die it tige goed yn 'e Feriene Steaten, mar ynternasjonaal wie it nûmer Irreplaceable in folle grutter súkses. Nei har earste wrâldtoernee as solo-artyste, wêrmei't se mear as $24 miljoen fertsjinne, brocht Knowles B'Day op 'e nij út mei fiif ekstra nûmers, wêrûnder Beautiful Liar, in duët mei Shakira. Har trêde studio-album, I Am... Sasha Fierce, folge in lyts jier letter, yn april 2008. Dêrop yntrodusearre Knowles har alter ego, "Sasha Fierce", in personaazje dat se optocht hie ûnder it meitsjen fan 'e single Crazy in Love, yn 2003. I Am... Sasha Fierce kaam yn 'e Amerikaanske albumlisten op it earste plak binnen, en omfieme û.m. de ûnbidich grutte hit Single Ladies (Put a Ring on It), mei in fideoklip dy't ikoanysk wurden is, en teffens oare súksesnûmers as If I Were a Boy en Halo.

Nettsjinsteande it grutte súkses fan it nûmer wûn Single Ladies by de útrikking fan 'e MTV Video Music Awards de priis yn 'e kategory bêste fideoklip fan in froulike artyst net. Dy gie nammentlik nei You Belong with Me, fan country-popsjongster Taylor Swift. Dit late ta in opsjen jaand ynsidint, wêrby't sjonger Kanye West tige ûnfatsoenlik it tankwurd fan Swift ûnderbriek om syn miening te oppenearjen dat de priis eins oan Knowles takaam. Knowles makke dy sneue behanneling letter goed troch, doe't sy yn in oare kategory àl yn 'e prizen foel, net in eigen tankwurd út te sprekken, mar Swift wer op it poadium te heljen om har nochris yn it sintsje te setten.

Yn 2009 gie Knowles op 'e nij op wrâldtoernee, en helle dêrmei $119,5 miljoen op. Yn 2010 wurke se mei oan Telephone, in single en fideoklip fan Lady Gaga, dy't nominearre waard foar in Grammy Award. Datselde jiers joech Knowles oan dat se, op advys fan har mem, har sjongkarriêre eefkes in hoartsje stilsette. Dat skoftsjen duorre njoggen moannen, en yn dy tiid brocht Knowles benammen in soad tiid troch mei har man, en fierders reizge se in protte, wêrby't se û.m. de Sineeske Muorre, de Piramiden fan Giza, Austraalje, Ingelân en in ferskaat oan museä en balletfoarstellings besocht. Yn july 2011 publisearre Knowles in eigenskreaun ferslach fan har aktiviteiten yn har skoft, ûnder de titel Eat, Play, Love, yn it tydskrift Essence, dêr't se in skriuwpriis mei wûn fan 'e New York Association of Black Journalists.

Har fjirde album, mei de ûntsjinsisber tapaslike titel 4, brocht Knowles út yn juny 2011. Ek dy cd kaam wer op it earste plak yn 'e Amerikaanske albumlisten binnen. Foarôf hie se twa singles fan 4 útkomme litten: Run the World (Girls) en Best Thing I Never Had, wêrmei't se tuskenbeiden súkses hie. De fjirde single, Love on Top, waard in kommersjeel súkses yn 'e Feriene Steaten, mar oer it gehiel nommen die 4 it minder goed as Knowles har eardere albums.

Yn jannewaris 2013 song Knowles it Amerikaanske folksliet by de twadde ynauguraasje fan Barack Obama as presidint, en in moanne letter trede se yn New Orleans op yn it skoft fan 'e Super Bowl, mei in show wêrfoar't se neitiid in Emmy Award wûn, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, yn 'e kategory bêste beljochting. Fan april 2013 oant maart 2014 gie se wer op wrâldtoernee, en op 13 desimber 2013 oerfoel se har fans troch sûnder foarôfgeande promoasjekampanje har fyfde studio-album, Beyoncé, út te bringen. Ek dy cd kaam op nûmer 1 binne yn 'e Amerikaanske albumlisten, en dat makke Knowles ta de earste frou ea dy't fiif albums efterinoar op it earste plak hân hie. Fan 'e singles die Drunk in Love, mei in gastoptreden fan Jay-Z, it it bêst.

Aktearkarriêre Mei har aktearkarriêre sette Knowles yn 2001 útein mei de tillefyzjefilm Carmen: A Hip Hopera, in moderne ynterpretaasje fan 'e bekende opera Carmen, fan 'e njoggentjinde-iuwske Frânske komponist Georges Bizet. Yn 2002 hie se ien fan har bekendste rollen as Foxxy Cleopatra yn 'e Mike Myers-komeedzje Austin Powers in Goldmember. It jiers dêrop spile Knowles mei Cuba Gooding jr. yn 'e komyske musical The Fighting Temptations, dy't net al te bêste resinsjes krige, mar yn 'e Feriene Steaten dochs in winst fan $30 miljoen makke. Neitiid spile se ek yn 'e remake fan The Pink Panther, mei Steve Martin.

Yn 2006 makke Knowles namme mei de film Dreamgirls, mei û.o. Eddie Murphy, oer in fammegroep út 'e jierren sechstich dy't basearre wie op The Supremes, mei Knowles as in personaazje basearre op Diana Ross. Foar dy rol krige hja tige loovjende kritiken en waard hja nominearre foar in Golden Globe. In oare heech oanskreaune rol fan Knowles wie dy fan bluessjongster Etta James yn 'e biografyske film Cadillac Records, út 2008. Har rol yn 'e skriller Obsessed, út 2009, waard troch de kritisy in stik minder wurdearre, mar dy film makke lykwols in winst fan $68 miljoen (op in budget fan $20 miljoen).

Oare aktiviteiten