Kitty Hawk is in plak (town) op Bodie Island op de Outer Banks yn de Amerikaanske steat Noard-Karolina. It plak falt bestjoerlik ûnder Dare County.

Kitty Hawk is bekend as it plak dêr't de bruorren Wright fan 1901 - 1904 harren earste flechten makken mei sweeffleantugen en mei de Wright Flyer. Under mear it fleandekskip USS Kitty Hawk en de Apollo 14-kommandomodule binne dêrom nei dit plak ferneamd.

Kategory:Plak yn Noard-Karolina Kategory:Plak stifte yn de 18e iuw