thumb|350px|Yngong fan FN Fabrique Nationale d'Herstal (FN) is in wrâldferneamde produsint fan fjoerwapens. It haadkantoar sit yn Herstal (België). It Waalsk Gewest is eigner fan it bedriuw.
Skiednis
De Fabrique Nationale d 'Armes de Guerre waard 1889 oprjochte mei it doel 150.000 Mauser-gewearen te meitsjen foar de Belgyske steat.
Al fan 1898 ôf oan hie FN in goede ferhâlding mei John Browning en tegearre makken se tal fan ferneamde wapens, ûnder oare de Browning-pistoalen. De M 1910 fan John Browning dy't by Fabrique Nationale d'Herstal makke waard, waard brûkt foar de moard op Frâns Ferdinand fan Eastenryk, dy't ta de Earste Wrâldoarloch liede soe. Fan 1940 oant 1944 makke FN ûnder de Dútske bsetting wapens en munysje foar de Wehrmacht mei it stimpel ch. In 1989 nam FN Herstal USRAC oer, de fabrikant fan de ferneamde Winchester gewearen en waard ek de eigner fan Browning Arms Company, beide Amerikaanske wapenprodusinten.
It Waalsk Gewest is sûnt 1997 foar 100% eigner en hat dy oandielen ûnderbrocht by har partisipaasjemaatskippij Sogepa, de Société Wallone de Gestion et de Participations.
Auto's en motorfytsen Njonken wapens hat FN ek motorfytsen, automobilen en frachtweinen makke.
Yn 1900 sette FN út ein mei de produksje fan auto's. Neist elegante limûsines waarden ek sportweinen makke. Oant de Earste Wrâldkriich koe FN goed meikomme mei konkurrinten, mar dêrnei mist men de slach. Der waard besletten om him op it meitsjen fan motorfytsen en wapens ta te lizzen. Motorfytsen waarden oant 1965 boud. Teffens binne in skoft strielmotoren fan Rolls Royce yn lisinsje boud.
Wapens makke troch FN
thumb|Gravueres op in FN Browning GP35 thumb|Munysjedoas mei logo De folgjende wapens wiene in FN-ûntwerp: Pistoalen FN Model 1900 FN Model 1903 FN Model 1905 FN Model 1910 FN Model 1910/22 FN Browning High Power FN HP-DA FN Forty-Nine FN Five-seveN FN FNP (-9, -40, -45 en -357)
Revolvers FN Barracuda
Masinepistoalen FN P90 en PS90
Heilgewearen FN B25 sportgewear FN Self-Loading Police Shotgun FN Tactical Police Shotgun Net-automatyske gewearen FN 24/30 FN 30-11 FN Patrol Bolt Rifle FN Special Police Rifle
Healautomatyske gewearen FN Model 1949 FN FAL FN CAL FN FNC FN F2000 en FS2000 FN SCAR-L FN SCAR-H
Masinegewearen FN MAG (as M240) FN BRG-15 (ûntwerp) FN Minimi (Amerikaanske versie is de M249, net itselde wapen) FN M3P
Spesjale gewearen FN 303 (luchtdrukprojektyllansearder) FN EGLM (granaatlansearder foar fêstmeitsjen op SCAR)
Bibliografy The FN FAL Explained (Download) fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com 2004) The FN High Power Explained (Download) fan Gerard Henrotin, (H&L Publishing - HLebooks.com, 2003) The FN Browning Models 1910 - 1922 Explained" (dellade) fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com - 2006) ''The FN Browning Model 1906 Vest Pocket Explained" - Downloadable ebook fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com - 2007)
Keppelings om utens fnherstal.com - offisjele webside herstalgroup.com - Herstal Group Susterbedriuwen: browningint.com - webside fan Browning winchesterguns.com - webside fan Winchester
Kategory:Belgysk automerk Kategory:Belgysk bedriuw Kategory:Belgysk frachtweinmerk Kategory:Belgyske wapenfabrikant Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1889