200px|thumb|Roberto Ferruzzi 200px|thumb|La Madonnina fan Ferruzzi. Roberto Ferruzzi (ŠibenikIL DALMATA, oktober 2008, PDF, 16 desimber 1853 - Feneesje, 16 febrewaris 1934) wie in Italjaansk keunstner, dy't is fral bekend fan it skilderij La MadonninaMadonna of the Streets dat de twadde Biennale fan Feneesje wûn yn 1897.

Biografy Roberto Ferruzzi waard berne yn Šibenik, yn Dalmaasje, út Italjaanske âlden. Doe't er fjouwer wie ferfear de húshâlding nei Feneesje. Nei it ferstjerren fan syn heit, in abbekaat, gie er werom nei Dalmaasje dêr't er him oan in stúdzje klassike literatuer en skilderjen sette. Hy wie autodidakt.

Dêrnei sette er him nei wenjen yn Luvigliano, in frazione fan Torreglia, dêr't er yn 1897 syn Madonnina skildere.

Ferruzzi stoar yn Feneesje en waard beïerdige op it lytse tsjêrkhôf fan Luvigliano by oare famyljeleden, njonken syn frou Ester Sorgato ensyn dochter Mariska.

Keppelings om utens Artikel oer de Madonnina, mei plaatsje

Kategory:Italjaansk keunstskilder Kategory:Kroätysk keunstskilder Kategory:Fenesiaansk persoan Kategory:Kroätysk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan fan Dalmatysk-Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1853 Kategory:Persoan stoarn yn 1934