thumb|260px|The Scene mei yn 'e midden Thé Lau (2014) Matheus Josephus (Thé) Lau (Bergen, 17 july 1952 - Amsterdam, 23 juny 2015) wie in Nederlânsk sjonger, muzikant en skriuwer. Yn 1979 rjochte er de band The Scene op.

Wurkpaad Lau wie gitarist yn ferskate bands en wie lid fan Neerlands Hoop Express. Yn 1979 rjochte er de band The Scene op, ferneamd fan de hits Blauw en Iedereen is van de wereld. Lau waard de leadsjonger.

Lau naam yn 2003 ôfskied fan syn band en sûnt gie er mei toetsenist Jan-Peter Bast de Nederlânske teäters by del. Op 13 oktober 2006 begûn Lau mei syn teätertoernee Tempel der liefde, begelaat fan toetsenist Bast en it tangostrykkwartet Pavadita.

Yn 2003 waard syn oeuvre bondele yn Thé Lau, de teksten. Al yn 2000 debutearre er mei de ferhalebondel De sterren van de hemel. Syn debútroman Hemelrijk kaam yn 2004 út, yn 2006 folge troch in bondel muzykferhalen, mei de titel In de dakgoot. 1000 vissen ferskynde yn 2007, in bibliofile útjefte mei ferhalen oer de Amsterdamske Spaarndammerbuurt, dêr't Thé Lau sûnt 15 jier wennet en wurke.

Yn 2007 kaam The Scene wer by elkoar en gie Lau mei trije eardere bandleden (Jeroen, Emilie en Otto) wer op toernee; sy namen ek in CD op. Yn 2010 naam Lau tegearre mei de rapper Lange Frans it nûmer Zing voor me op, dat it earste plak fan de Nederlânske Single Top 100 helle.

Op 12 augustus 2013 waard bekend dat er kielkanker hie en april 2014 brocht syn management nei bûten dat Lau útsiedings yn syn linkerlong hie en er útbehannele wie.'Thé Lau uitbehandeld door uitzaaiingen', NU.nl 2 april 2014. Juny 2014 joech er mei syn band ôfskiedskonserten op Pinkpop (7 juny), op 14 juny yn de Lotto Arena yn Antwerpen en op 17 juny yn de Heineken Music HallTaymir en Thé Lau/The Scene op Pinkpop 2014, Pinkpop.nl, 3 april 2014 yn Amsterdam. Op 21 juny joech er syn lêste optreden yn Belgje yn de AB yn Brussel.

Op 2 maart 2015 ûntfong Lau in Edison foar syn hiele oeuvre.Thé Lau krijgt Edison voor hele oeuvre Op 23 juny 2015 stoar Thé Lau thús yn Amsterdam, oan de gefolgen fan kanker. Hy waard 62 jier.Zanger Thé Lau overleden nos.nl, 24 juny 2015

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) The Scene1980The SceneYoung dogs, young bloodThis is real1985Rij rij rij10 maart 1988Borderline,S.E.X.,Ritme,Rij rij rij,Rauw, Hees, TederBlauw1990Rigoreus,Iedereen is van de wereld,Blauw,BrandOpen16 maart 1992Zuster,Open,Samen,MaanAvenue de la Scene4 oktober 1993Mijn straat,De schaduw van het kruis,Hard tegen hard,VriendenArena28 maart 1996Vrede,Junkie met talent,Romantiek (mei Carlo Ulrichi & Kenrick Gunther),Slapen, dromen, zwetenMarlene1998Marlene,Wees Welkom,Rivier,De God van Nederland2002Thé LauTempel der liefde200620072007The SceneLiefde op doorreis22 oktober 2009Mijn land,NachttreinCode12 maart 2012Overal,EchtPlatina blues2014Thé Lau

Boeken De Sterren van de Hemel (2000) De Teksten Italic text (2003) Hemelrijk (2004) In de Dakgoot (2006) 1000 vissen (2007) - bibliofile útjefte ferskynd by Utjouwerij Brokaat Juliette (2014) - roman, Dutch Media Books

Keppeling om utens Lau syn webside

Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1952 Kategory:Persoan stoarn yn 2015