thumb|220px|left|Lowell Observatory, de stjerrewacht yn Flagstaff, dêr't yn 1930 Pluto ûntdutsen waard |thumb|250px|Lizzing Coconino County mei Flagstaff yn Arizona Flagstaff (Navajo: Kinłání) is in plak (city) yn de Amerikaanske steat Arizona. It is ek it haadplak fan Coconino County.

Geografy Neffens it United States Census Bureau beslacht it plak in oerflak fan 164,8 km², dêr't 164,7 km² fan lân en 0,1 km² oerflaktewetter is.

Flagstaff leit op in hichte fan 2121 m boppe seenivo oan de foet fan it 'San Francisco'-berchtme yn it súdwesten fan it Kolorado Plato. Flagstaff is in útfalsbasis foar toeristen dy't nei de protte natuerparken yn de regio wolle dêr't ek de Grand Canyon ta heart.

De stêd hat in relatyf koel soarte fan heal-woastynklimaat mei frijwat mylde simmers en strange winters. De temperatuer komt simmerdeis oant sa'n 27 °C ta.

Toerisme Op sa'n 55 km eastlik fan Flagstaff leit de Barringerkrater. Dat is de meast ferneamde ynslachkrater op Ierde. De Grand Canyon leit tichtby. Flagstaff waard de populêrste tuskenstop foar toeristen dy't oer de Route 66 reizgen. By Seligman, bewesten Flagstaff, leit it meast lange stik oarspronklike Route 66. Flagstaff hat ek it Arboretum at Flagstaff.

Ferfier Flagstaff hat in fleanfjild, Flagstaff Pulliam Airport en in stasjon foar treinen fan Amtrak.

Stedsbyld

Ferneamde persoanen út Flagstaff 250px|thumb|right|Oak Creek Canyon, net fier fan Flagstaff, oan de dyk nei Sedona.

Bruce Babbitt, gûverneur fan Arizona Michelle Branch, sjonster, gitariste Andy Devine, akteur Henry Lee Giclas, astronoom Blake Woodruff, akteur

Keppelings om utens Toeristeside Flagstaff foar de Virtual Traveller

Kategory:Plak yn Arizona Kategory:Plak stifte yn 1876