Auke Miedema (Frjentsjer, 25 juny 1845 – Sweins, 6 septimber 1898) dy’t fan berop ûnefeint wie op it tichelwurk yn Sweins wie ien fan de allerbêste keatsers út de 19de iuw.

De earste kear dat syn namme opdûkt yn de keatserij wie yn 1863 doe’t er as 18-jierrige de krânse wûn yn Hjerbeam. Datselde jier makke er syn debút op de PC, mar it soe gjin priis opleverje. Yn de jierren dêrnei kaam er op de PC wol ta grutte suksessen. Hy soe dy partij mar leafst acht kear winne en fjouwer kear wie er ferliezend finalist. Hy stiet dêrmei noch altiten op it 5e plak fan de meast suksesfolle PC-keatsers. Doe’t yn 1883 foar it earst in PC-kening keazen waard foel him dy eare ta. Hy wie doe al 38 jier mar it soe net syn lêste PC wêze. Dat barde yn 1894. Hy wie doe 49 jier en ferlear yn de twadde omloop. Om’t yn de 19de iuw lang net alle útslaggen publisearre waarden, witte wy net hoefolle prizen Miedema krekt wûn hat. De Frjentsjerter Krante skreau flak foar de PC fan 1870 dat Miedema doe al syn santichste priis binnen hie.

Auke Miedema ferstoar op 6 septimber 1898, yn 'e âldens fan 53 jier oan in oandwaning oan syn lever.

Prizen 1864 - PC 2e priis 1867 - PC 1e priis 1868 - PC 1e priis 1869 - PC 1e priis 1870 - PC 1e priis 1871 - PC 1e priis 1872 - PC 1e priis 1878 - PC 2e priis 1880 - PC 2e priis 1882 - PC 2e priis 1883 - PC 1e priis 1885 - PC 1e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk ticheler Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Sweins Kategory:Persoan berne yn 1845 Kategory:Persoan stoarn yn 1898