De kapibara's en moko's (wittenskiplike namme: Hydrochoerinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), de boppefamylje fan 'e kavia-eftigen (Cavioidea) en de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae).
Ta dizze taksonomyske groep hearre 4 libbene soarten, dy't allegear foarkomme yn Súd- en/of Midden-Amearika. Se wurde ûnderferdield yn 2 libbene skaaien, fan 'e kapibara's (Hydrochoerus) en de moko's (Kerodon). De bekendste soarte is de (gewoane) kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), dat de grutste kjifdieresoarte fan 'e wrâld is, mei in lingte fan 1.34 m lang en in gewicht fan wol 66 kg.
Klassifikaasje
ûnderfamylje kapibara's en moko's (Hydrochoerinae) skaai Anatochoerus † skaai Cardiatherium † skaai Contracavia † skaai Hydrochoeropsis † skaai kapibara's (Hydrochoerus) Grenadakapibara (Hydrochoerus gaylordi) † kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris) lytse kapibara (Hydrochoerus isthmius) skaai moko's (Kerodon) Amazônemoko (Kerodon acrobata) rotsmoko (Kerodon rupestris) skaai Neochoerus † skaai Nothydrochoerus † skaai Phugatherium † skaai Porcellusignum † skaai Protohydrochoerus † skaai Xenocardia †
Kategory:Kavia-eftige