De wolmûzen (wittenskiplike namme: Chinchillidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) en de boppefamylje fan 'e tsjintsjilla-eftigen (Chinchilloidea). Ta dizze taksonomyske groep hearre de 7 libbene soarten tsjintsjilla's, berchfyskatsja's en flaktefyskatsja's.
Skaaimerken Dizze bisten komme foar yn súdlik en westlik Súd-Amearika, dêr't de measten yn 'e Andes libje, mei ien soarte, de fyskatsja (Lagostomus maximus), op 'e flakten fan 'e Gran Chaco en noardlik Patagoanje. Wolmûzen binne middelgrutte kjifdieren, mei in gewicht dat útinoar rint fan 800 g oant 8 kg. Se hawwe krêftige efterpoaten om mei te huppen, grutte earen en in boarstelige sturt. Har pels is tige tsjûk en sêft, en dêrom wurde guon soarten, yn 't bysûnder de tsjintsjilla (Chinchilla lanigera), wol holden yn 'e pelsdierfokkerij.
Klassifikaasje
famylje wolmûzen (Chinchillidae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Eoviscacia † ûnderfamylje tsjintsjilla's en berchfyskatsja's (Chinchillinae) skaai berchfyskatsja's (Lagidium) cuvierfyskatsja of Cuviers fyskatsja (Lagidium viscacia) Ekwadoraanske fyskatsja (Lagidium ahuacaense) (in nije soarte, foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 2009) Perûviaanske fyskatsja (Lagidium peruanum) súdlike fyskatsja (Lagidium wolffsohni) skaai tsjintsjilla's (Chinchilla) keningstsjintsjilla (Chinchilla chinchilla) tsjintsjilla (Chinchilla lanigera) ûnderfamylje fyskatsja-eftigen (Lagostominae) skaai flaktefyskatsja's (Lagostomus) fyskatsja (Lagostomus maximus) Lagostomus crassus † Lagostomus trichodactylus † skaai Pliolagostomus † skaai Prolagostomus †
Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Kjifdier