De kavia-eftigen (wittenskiplike namme: Caviidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) en de lyknammige boppefamylje fan 'e kavia-eftigen (Cavioidea).
Ta dizze taksonomyske groep hearre in stik as 20 libbene soarten, dy't allegear foarkomme yn Súd-Amearika en/of Midden-Amearika. Kwa biotoop ferskille dizze bisten fan mei strewellen begroeid woastynlân oant tropysk reinwâld en fan healiepen flakte oant berchlân. De bekendste soarte is de kavia, dy't in protte as húsdier holden wurdt. Op it mêd fan grutte rinne se útinoar fan 'e dwerchkavia's, dy't mar in sintimeter as 20 mjitte, oant de kapibara, it grutste kjifdier fan 'e wrâld, dat wol 1.34 m lang en 66 kg swier wurde kin.
Klassifikaasje
famylje kavia-eftigen (Caviidae) ûnderfamylje echte kavia's (Caviinae) skaai Allocavia † skaai Caviops † skaai Dolicavia † skaai dwerchkavia's (Microcavia) súdlike dwerchkavia (Microcavia australis) Andesdwerchkavia (Microcavia niata) shiptondwerchkavia of Shiptons dwerchkavia (Microcavia shiptoni) skaai gieltoskkavia's (Galea) Brazyljaanske gieltoskkavia (Galea flavidens) Meunsterske gieltoskkavia (Galea monasteriensis) spixgieltoskkavia of Spix' gieltoskkavia (Galea spixii) wezelingkavia of gewoane gieltoskkavia (Galea musteloides) skaai kavia's (Cavia) Amazônekavia (Cavia fulgida) Anolaimakavia (Cavia anolaimae) (mooglik in ûndersoarte fan 'e hûskavia) berchkavia (Cavia tschudii) Brazyljaanske kavia (Cavia aperea) grutte kavia (Cavia magna) Guyanakavia (Cavia guianae) (mooglik in ûndersoarte fan 'e hûskavia) kavia of hûskavia (Cavia porcellus) tuskenbeiden kavia (Cavia intermedia) skaai Macrocavia † skaai Neocavia † skaai Neoprocavia † skaai Palaeocavia † skaai Pascualia † ûnderfamylje mara's (Dolichotinae) skaai mara's of Pampahazzen (Dolichotis) lytse mara (Dolichotis salinicola) mara of Patagoanyske mara (Dolichotis patagonum) ûnderfamylje kapibara's en moko's (Hydrochoerinae) skaai Anatochoerus † skaai Cardiatherium † skaai Contracavia † skaai Hydrochoeropsis † skaai kapibara's (Hydrochoerus) Grenadakapibara (Hydrochoerus gaylordi) † kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris) lytse kapibara (Hydrochoerus isthmius) skaai moko's (Kerodon) Amazônemoko (Kerodon acrobata) rotsmoko (Kerodon rupestris) skaai Neochoerus † skaai Nothydrochoerus † skaai Phugatherium † skaai Porcellusignum † skaai Protohydrochoerus † skaai Xenocardia †
Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Kjifdier