De echte kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Erethizontinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), de boppefamylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontoidea) en de lyknammige famylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 18 libbene soarten, dy't op ien nei allegear foarkomme yn Súd- en/of Midden-Amearika. De útsûndering is de oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Erethizon dorsatum), de bekendste soarte, dy't yn Noard-Amearika libbet.

Klassifikaasje

ûnderfamylje echte kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontinae) skaai berchkjifstikelbargen (Echinoprocta) berchkjifstikelbaarch (Echinoprocta rufescens) skaai Disteiromys † skaai dwerchgrypsturtkjifstikelbargen (Sphiggurus) brune wolhierrige dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus vestitus) grauwe wolhierrige grypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus pruinosus) Meksikaanske wolhierrige grypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus mexicanus) oranjestikelige wolhierrige dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus villosus) roosmalendwerchgrypsturtkjifstikelbaarch of Roosmalens dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus roosmalenorum) streekte dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus ichillus) Súdamerikaanske wolhierrige dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus spinosus) swartsturte wolhierrige grypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus melanurus) wolhierrige grypsturtkjifstikelbaarch (Sphiggurus insidiosus) skaai Eosteiromys † skaai grypsturtkjifstikelbargen (Coendou) Andesgrypsturtkjifstikelbaarch (Coendou quichua) Atlantyske grypsturtkjifstikelbaarch (Coendou speratus) (in koartby ûntdutsen nije soarte) gewoane grypsturtkjifstikelbaarch of grypsturtkjifstikelbaarch (Coendou prehensilis) rothschildgrypsturtkjifstikelbaarch Rothschilds grypsturtkjifstikelbaarch (Coendou rothschildi) Santa Martagrypsturtkjifstikelbaarch (Coendou sanctamartae) swarte dwerchgrypsturtkjifstikelbaarch (Coendou nycthemera) twakleurige grypsturtkjifstikelbaarch (Coendou bicolor) skaai Hypsosteiromys † skaai Neosteiromys † skaai oerzons of Noardamerikaanske beamkjifstikelbargen (Erethizon) oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Erethizon dorsatum) skaai Parasteiromys † skaai Protosteiromys † skaai Steiromys †

Kategory:Kjifstikelbaarch fan de Nije Wrâld