De Afro-Aziatyske kjifstikelbargen (wittenskiplike namme: Hystrix) foarmje in ûnderskaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), de famylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae) en it skaai fan 'e echte kjifstikelbargen (Hystrix).

Beskriuwing Ta dizze taksonomyske groep hearre 3 libbene soarten kjifstikelbargen, dy't foarkomme yn hast hiel Afrika, yn dielen fan Súd-Jeropa en yn Aazje op it Yndyske subkontinint oant yn súdlik Sina. De bekendste fan 'e echte kjifstikelbargen is de gewoane kjifstikelbaarch of Afrikaanske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata of Hystrix galeata), de iennichste soarte dy't (behalven yn Afrika) ek yn Súd-Jeropa libbet.

Njonken de libbene soarten binne der ek noch ferskate fossile soarten yn dit ûnderskaai pleatst.

Klassifikaasje

ûnderskaai Afro-Aziatyske kjifstikelbargen (Hystrix) gewoane kjifstikelbaarch of Afrikaanske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata of Hystrix galeata) Kaapske kjifstikelbaarch of Súdafrikaanske kjifstikelbaarch (Hystrix africaeaustralis) lytse kjifstikelbaarch (Hystrix parvae) † oerkjifstikelbaarch (Hystrix primigenia) † reuzekjifstikelbaarch (Hystrix refossa) † wytsturtkjifstikelbaarch (Hystrix indica)

Kategory:Echte kjifstikelbaarch