Foarfallen 1314 - Yn 'e Slach by Bannockburn witte de Skotten de Ingelsen beslissend te ferslaan, wêrmei't de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Skotlân feilichsteld wurdt. 1340 - Waldemar IV wurdt kening fan Denemark. 1509 - Hindrik VIII wurdt kroane ta kening fan Ingelân. 1591 - De earste stien wurdt lein foar it Stedhûs fan Frjentsjer. 1597 - De earste Nederlânske ekspedysje nei East-Ynje berikt Bantam (oan 'e noardkust fan Java). 1762 - De Drachtster doarpskronikeur Bearn Lap wurdt feroardiele ta twa jier sel. 1812 - Napoleon Bonaparte falt Ruslân binnen en set útein mei syn fatale Tocht nei Moskou. 1894 - It IOC beslút elke fjouwer jier Olympyske Spullen te organisearjen. 1901 - De earste tentoanstelling fan 'e Spaanske keunstskilder Pablo Picasso wurdt iepene yn Parys. 1963 - Demonstraasje fan 'e earste fideorecorder, yn 'e studio's fan 'e BBC. 1972 - It earste optreden fan 'e Blauhúster Dakkapel.

Berne 1254 - greve Floaris V fan Hollân († 1296) 1322 - hartoginne Jehanna fan Brabân († 1406) 1340 - Jan fan Gint (John of Gaunt), Ingelsk prins en hartoch fan Akwitaanje († 1399) 1532 - greve Edzard II fan Eastfryslân († 1599) 1846 - Ellen Francis Mason, Amerikaansk oersetster († 1930) 1888 - Gerrit Rietveld, Nederlânsk arsjitekt en meubelûntwerper († 1964) 1890 - Frank Fools Crow, Amerikaansk aktivist en Yndiaansk medisynman († 1989) (mooglik berne op 27 juny) 1890 - Hartman Sannes, Frysk skiedkundige († 1956) 1905 - Fred Alderman, Amerikaansk atleet († 1998) 1911 - Juan Manuel Fangio, Argentynsk Formule 1-koereur († 1995) 1922 - Pieter Kooistra, Frysk keunstner en skriuwer († 1998) 1947 - Wobbe van Seijen, Frysk ûndernimmer en muzykprodusint 1952 - Bert Middel, Nederlânsk politikus 1970 - Glenn Medeiros, Amerikaansk sjonger en lietsjeskriuwer 1973 - Milouska Meulens, Nederlânsk presintatrise 1978 - Emppu Vuorinen, Finsk gitarist

Ferstoarn 79 - keizer Fespasianus fan it Romeinske Ryk (* 9) 1439 - hartoch Freark IV fan Eastenryk (* 1382) 1519 - Lukresia Borgia, Italjaansk ealfrouwe (* 1480). 1602 - Epo fan Douma, Frysk ealman en wettergeus (* 1542) 1644 - Johannes Maccovius, Poalsk-Frysk teolooch (* 1588) 1788 - Pieter Burman jr., Nederlânsk taalkundige en dichter (* 1714) 1948 - Alexander van Voss, rykskargivaris fan Fryslân (* 1894) 1994 - Archie Williams, Amerikaansk atleet (* 1915) 2000 - Vera Atkins, Roemeensk-Ingelsk spionne (* 1908) 2008 - Tine Leiker-Kooijmans, Nederlânsk skriuwster en oersetster (* 1915) 2014 - Piet Rigter van der Zee, Frysk sjoernalist en skriuwer (* 1914)

Kategory:Datum 24