Foarfallen 1353 - Albrecht fan Beieren, hartoch fan Beieren, greve fan Hollân, trout mei Margaretha fan Brieg. 1389 - It Servyske leger wurdt troch de Turken finaal ferslein yn de Slach op it Lysterfjild (Kosovo Polje); dit betsjutte de ein fan it Servyske ryk en it begjin fan de 500 jier duorjende Ottomaanske oerhearsking fan grutte dielen fan súdeast Europa. 1581 - De stêd Breda wurdt by ferrassing troch Spaanske troepen ynnomd. 1787 - Prinses Wilhelmina besiket fanút Nymwegen De Haach te berikken om steun te krijen. Hja wurdt by Vlist oanholden en nei Goejanverwelleslûs brocht. 1840 - Kening Kristiaan VIII fan Denemark wurdt kroand. 1846 - Yn Frankryk krijt de Belch Adolphe Sax it patint op in seis jier earder troch him útfûne blaasynstrumint: de saksofoan. 1914 - Yn Sarajevo wurdt aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk, de troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije, fermoarde troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip. Dit sil presys in moanne letter liede ta it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch. 1935 - Earste kristallisaasje fan in firus troch Wendell Stanley. 1968 - De lêste frachttram rydt oer de tramwei Snits-Boalsert.
Berne 1170 - kening Waldemar II fan Denemark († 1241) 1491 - kening Hindrik VIII fan Ingelân en Ierlân († 1547) 1568 - Johan van den Sande, Nederlânsk jurist en skiedkundige († 1638) 1577 - Peter Paul Rubens, Flaamsk keunstskilder en diplomaat († 1640) 1712 - Jean-Jacques Rousseau, Switsersk-Frânsk filosoof († 1778) 1742 - William Hooper, Amerikaansk politikus († 1790) 1783 - Jan Cornelis Pieter Salverda, Frysk dichter en skriuwer († 1836) 1794 - Sjoerd Bonga, Frysk topografysk tekener en skilder († 1865) 1804 - Franz Meyen, Dútsk biolooch († 1840) 1841 - James Earp, Amerikaansk ûndernimmer († 1926) 1901 - Kurt Helbig, Dútsk gewichtheffer († 1975) 1908 - Rintsje Ritsma, Frysk skûtsjeskipper en brêgewachter († 2012) 1917 - Wim Sonneveld, Nederlânsk kabaretier († 1974) 1924 - Hyke Koopmans, Frysk keunstner († 2010) 1927 - Boris Sjilkov, Russysk reedrider († 2015) 1928 - Pieter Jan Tichelaar, Frysk ûndernimmer († 2020) 1934 - Georges Wolinski, Frânsk striptekener († 2015) 1935 - Aad van den Heuvel, Nederlânske sjoernalist, programmamakker en skriuwer († 2020) 1952 - Gregory J. Bonann, Amerikaansk telefyzjeprodusint 1954 - Raffaella De Laurentiis, Italjaansk film- en tillefyzjeprodusinte 1955 - Eberhard van der Laan, Nederlânsk abbekaat en PvdA-politikus († 2017) 1965 - Alex van Galen, Nederlânsk senario- en romanskriuwer 1974 - Rob Dyrdek, Amerikaansk presintator, produsint, akteur en skateboarder 1991 - Kevin De Bruyne, Belgysk fuotballer
Ferstoarn 1061 - greve Floaris I fan Hollân (* ±1025) 1119 - Rogier fan Salerno, regint fan it prinsdom Antiochië (* 10??) 1598 - Abraham Ortelius, Flaamsk kartograaf (* 1527) 1836 - James Madison, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1751) 1914 - aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk (* 1821) 1937 - Eduard Steinemann, Switsersk turner (* 1906) 1943 - Philipp Heck, Dútsk jurist en rjochtshistoarikus (* 1858) 1943 - Ladislav Vácha, Tsjechysk turner (* 1899) 1963 - Roeffie Vermeulen, Frysk hurdsiler (* 1906) 1989 - Joris Ivens, Nederlânsk regisseur en filmprodusint (* 1898) 1994 - Jan Wybenga, Frysk skriuwer (* 1917) 1998 - Louis Hostin, Frânsk gewichtheffer (* 1908) 2002 - André Roosenburg jr., Nederlânsk keatser (* 1951) 2006 - Jim Baen, Amerikaansk útjouwer (* 1943) 2012 - Piet Ekel, Nederlânsk akteur (* 1921) 2015 - Wiebe Bergsma, Frysk histoarikus (* 1955)
Bisten 2005 - Eastland Cash, ferneamde fokbolle (* 1991)
Kategory:Datum 28