Foarfallen 1415 - De Boheemske tsjerkeherfoarmer Jehannes Hus stjert op de brânsteapel. 1659 - Yn Grins trout prinsesse Henriëtte Katarina fan Oranje-Nassau, in dochter fan 'e Hollânske steedhâlder Freark Hindrik fan Oranje-Nassau, mei foarst Jehan George II fan Anhalt-Dessau. Dit is it iennichste Oranje-houlik dat ea yn Grins plakfûn. 1667 - De Súdnederlânske stêd Dowaai falt yn 'e hannen fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV. 1885 - Louis Pasteur ferrjochtet de earste tests fan it faksên tsjin hûnsdûmens. 1898 - De Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï fynt plak. 1942 - Anne Frank, har heit en mem en har suster dûke ûnder op 'e souder fan har heite kantoar oan 'e Prinsegrêft 263 yn Amsterdam.
Berne 1760 - Dirk Piebes Sjollema, Frysk keunstskilder († 1840) 1796 - tsaar Nikolaas I fan Ruslân († 1855) 1832 - keizer Maksimiliaan fan Meksiko († 1867) 1884 - Willem Marinus Dudok, Nederlânsk arsjitekt († 1974) 1894 - Filippo Zappata, Italjaansk yngenieur en fleantúchûntwerper († 1994) 1911 - Annibale Frossi, Italjaansk fuotbaltrainer en fuotballer († 1999) 1921 - Nancy Reagan, Amerikaansk presidintsfrou († 2016) 1927 - Ton Alberts, Nederlânsk arsjitekt († 1999) 1944 - Bernhard Schlink, Dútsk skriuwer en jurist 1946 - George W. Bush, presidint fan 'e Feriene Steaten 1946 - Tiemen Groen, Frysk hurdfytser († 2021) 1952 - Hilary Mantel, Ingelsk skriuwster († 2022) 1956 - Joop Atsma, Frysk politikus en bestjoerder 1974 - Tania Russof, Letsk pornoaktrise 1976 - Alana Evans, Amerikaansk pornoaktrise 1978 - Auke van der Graaf, Frysk keatser 1999 - Michelle de Jong, Frysk reedrydster
Ferstoarn 1189 - kening Hindrik II fan Ingelân (* 1133) 1415 - Jehannes Hus, Boheemsk tsjerkeherfoarmer (* 1369/1370) 1535 - Thomas More, Ingelsk filosoof, skriuwer en steatsman (* 1478) 1553 - Edwert VI fan Ingelân (* 1537) 1623 - William Byrd, Ingelsk komponist (* 1543) 1734 - Nicolas Bernier, Frânsk komponist (* 1665) 1854 - Georg Ohm, Dútsk natuerkundige (* 1789) 1893 - Guy de Maupassant, Frânsk skriuwer (* 1850) 1900 - Warren Earp, Amerikaansk kolonist (* 1855) 1919 - Jacoba Rauwerda, Frysk bordeelhâldster (* 1843) 1932 - Klaas Willems Boorsma, Frysk keatser (* 1849) 1936 - Arjen Draisma de Vries, Frysk ûndernimmer en politikus (* 1843) 1971 - Louis Armstrong, Amerikaansk muzikant en sjonger (* 1901) 1971 - Ciro Verratti, Italjaansk skermer (* 1907) 1995 - Bauke Miedema, Frysk boer, astronoom en ynstrumintmakker (* 1909) 2010 - Jan Blokker, Nederlânsk sjoernalist, kollumnist en senarioskriuwer (* 1927) 2014 - Pieter Groenier, Nederlânsk akteur (* 1951) 2019 - Willem Mook, Frysk tekenlearaar en keunstner (* 1954) 2020 - Ennio Morricone, Italjaansk komponist (* 1928) 2022 - Wim Quist, Nederlânsk arsjitekt (* 1930) 2022 - Nop de Graaf, Mei-grûnlizzer Kameleondoarp Terherne (* 1956) 2024 - André Drege, Noarsk hurdfytser (* 1999)
Kategory:Datum 06