Foarfallen 1584 - Willem fan Oranje wurdt yn Delft deasketten troch Balthasar Gerards. 1890 - Wyoming wurdt as 44e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. 1985 - De Rainbow Warrior, in skip fan 'e miljeu-organisaasje Greenpeace, wurdt troch Frânske geheim aginten ta sinken brocht yn 'e haven fan it Nijseelânske Auckland. 2008 - De earste muorrekeatsferiening MKF De Wide Stege wurdt oprjochte.
Berne 1451 - kening Jakobus III fan Skotlân († 1488) 1509 - Jehannes Kalvyn, Frânsk-Switsersk tsjerkeherfoarmer († 1564) 1847 - Maria Rutgers-Hoitsema, Nederlânsk feministe, ûnderwizeres en sosjaal herfoarmster († 1934) 1871 - Marcel Proust, Frânsk skriuwer († 1922) 1892 - August Güttinger, Switsersk turner († 1970) 1916 - Thijs Terpstra, Frysk ûndernimmer, útjouwer en politikus († 2006) 1917 - Wil Bruin, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1993) 1925 - Mahathir Mohamad, premier fan Maleizje 1928 - Gerhard Durlacher, Nederlânsk skriuwer († 1996) 1942 - Ronnie James Dio, Amerikaansk sjonger († 2010) 1943 - Arthur Ashe, Amerikaansk tennisser († 1993) 1963 - Colt .45, Amerikaansk neakenmodel 1966 - A.O. Scott, Amerikaansk filmkritikus 1971 - Diederik Samsom, Nederlânsk politikus 1974 - Andrea Nuyt, Nederlânsk hurdrydster 1980 - Jessica Simpson, Amerikaansk sjongster en aktrise 1985 - Miljuschka Witzenhausen, Nederlânsk presentatrise 1988 - Afke Kuipers, Frysk keatster 1992 - Kelley Mack, Amerikaansk aktrise († 2025)
Ferstoarn 138 - keizer Hadrianus fan it Romeinske Ryk (* 76) 518 - keizer Anastasius I fan Byzantium (* 430) 983 - paus Benediktus VII (* 9??) 1099 - El Cid (Rodrigo Díaz fan Vivar), Kastyljaansk ridder en kriichshear (* 1043) 1559 - lening Hindrik II fan Frankryk (* 1519) 1584 - Willem fan Oranje (Willem de Swijer), steedhâlder fan Hollân, Seelân en Fryslân (* 1533) 1884 - Paul Morphy, Amerikaansk skaker (* 1837) 1893 - Swarte Koallen (Black Coal), opperhaad fan 'e Noardlike Arapaho (* 1840) 1915 - Hendrik Willem Mesdag, Nederlânsk keunstskilder (* 1831) 1935 - Johan Bernard Schepers, Nederlânsk skied- en letterkundige (* 1865) 1982 - Karl Hein, Dútsk kûgelslingerder (* 1908) 1989 - Mel Blanc, Amerikaanske stimakteur (* 1908) 1991 - Adam Jaarsma, Frysk predikant, skriuwer en oersetter (* 1914) 1996 - Albert Helman, Surinaamsk-Nederlânsk skriuwer (* 1903) 2015 - Omar Sharif, Egyptysk akteur (* 1932) 2024 - Matthijs Röling, Nederlânsk keunstskilder (* 1943) 2024 - Pieter Brouwer, Frysk skûtsjeskipper (* 1959)Omrop Fryslân, 11-7-2024, SKS-foarsitter oer ferstjerren Pieter Brouwer: "Hy wie altyd optimistysk" Riedplachte op 11-7-2024
Kategory:Datum 10