Foarfallen 1290 - Edwert I fan Ingelân ferdriuwt de Joaden út syn keninkryk. 1672 - Bernard fan Galen, de biskop fan Múnster, bestookt de stêd Grins mei bommen. 1925 - De Dútsk nasjonaal-sosjalist Adolf Hitler publisearret it boek Mein Kampf, wêryn't er syn politike ideeën útinoar set. 1936 - Yn Spanje fiert de faksistyske generaal Francisco Franco in steatsgreep út tsjin it demokratysk keazen regear fan 'e Spaanske republyk. Dit is it begjin fan 'e Spaanske Boargeroarloch, en sil liede ta fjirtich jier fan diktatuer. 1995 - Yn 'e Tour de France komt de Italjaanske hurdfytser Fabio Casartelli sa ûngelokkich te fallen, dat er oan letsel oan 'e holle ferstjert.

Berne 1340 - Filips fan Artevelde, ruwaard fan Flaanderen († 1382) 1843 - Virgil Earp, Amerikaansk plysje en revolverman († 1905) 1853 - Hendrik Lorentz, Nederlânsk natuerkundige († 1928) 1863 - aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk († 1914) 1871 - Oepke Noordmans, Frysk predikant en teolooch († 1956) 1899 - Rex Norris, Ingelsk hockeyer († 1980) 1899 - John Tootoosis, Kanadeesk aktivist en politikus († 1989) 1909 - Sjoerd Zeldenthuis, Frysk reedrider († 1984) 1914 - Gino Bartali, Italjaansk hurdfytser († 2000) 1918 - Nelson Mandela, presidint fan Súd-Afrika († 2013) 1921 - John Glenn, Amerikaansk astronaut en politikus († 2016) 1922 - Thomas Samuel Kuhn, Amerikaansk natuerkundige († 1996) 1922 - W.L. Brugsma, Nederlânsk sjoernalist († 1997) 1928 - Simon Vinkenoog, Nederlânsk skriuwer en dichter († 2009) 1929 - Richard Button, Amerikaansk keunstrider († 2025) 1935 - Otto Bijlsma, Frysk bestjoerder, oprjochter Feanhoopfestival († 2011) 1938 - Paul Verhoeven, Nederlânsk regisseur 1941 - Stephen Holden, Amerikaansk muzyk- en filmkritikus 1945 - Fritz Korbach, Dútsk-Nederlânsk fuotbaltrener († 2011) 1948 - Cesar Zuiderwijk, Nederlânsk drummer 1957 - Keith Levene, Ingelsk gitarist († 2022) 1962 - Jack Irons, Amerikaansk drummer 1965 - Marjon Wijnsma, Frysk atlete 1967 - Molly Culver, Amerikaansk aktrise en model 2001 - Ella Ballentine, Kanadeesk aktrise

Ferstoarn 838 - Freark fan Utert, Frysk sindeling en biskop (* ±780). (Stjerjier ûnwis) 1100 - Godfryd fan Bûljon, hartoch fan Neder-Loataringen (* 1060) 1726 - Johannes Hilarides, Frysk taalkundige, dichter, en klassikus ferstoarn (* ±1648). 1744 - Vincentius Antonides, Frysk-Amerikaansk predikant (* ±1670) 1817 - Jane Austen, Ingelsk skriuwster (* 1775) 1830 - Ulbe Piers Draisma, Frysk boer, ûndernimmer en bestjoerder (* 1785) 1897 - Tiberius Cornelis Winkler, Frysk anatoom, soölooch en natoerûndersiker (* 1822) 1919 - Raymonde de Laroche, Frânsk piloate (* 1884) 1945 - Yde de Jong, Frysk keatser (* 1909) 1977 - Giorgio Pessina, Italjaansk skermer (* 1902) 1995 - Johan Oxenstierna Sweedsk moderne-fiifkamper (* 1899) 1995 - Fabio Casartelli, Italjaansk hurdfytser (* 1970) 2002 - Sipke Veenstra, Frysk dichter en skriuwer (* 1924) 2015 - Buddy Buie, Amerikaansk sjonger (* 1941)

Kategory:Datum 18