Foarfallen 1146 - It biente fan 'e Hillige Trije Keningen komt ûnder grut jûchhei fan 'e befolking yn Keulen oan, dêr't it byset wurde sil yn 'e Domtsjerke. 1453 - Yn de Slach by Gavere ferslacht de Boergondyske hartoch Filips de Goede de opstannige stêd Gint. It ferset fan 'e Gintsters foarkomt in plondering fan 'e stêd. 1490 - Yn 'e Slach by Brouwershaven wurdt jonker Frâns fan Brederode swier ferwûne kriichsfinzen nommen. Hjirmei komt definityf in ein oan 'e saneamde Jonker Frânse-oarloch en oan 'e Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen. 1568 - De hartoch fan Alva tsjocht Grins binnen. 1572 - Yn Roermond wurde 23 preesters, wêrûnder de siktaris fan 'e biskop, fermoarde troch de geuzen. 1736 - Gustaaf Willem van Imhoff wurdt gûverneur fan Nederlânsk Seylon. 1757 - Yn 'e Slach by Hastenbeck wurde de ferbûne legers fan it Karfoarstedom Hannover, it Lângreefskip Hessen-Kassel en it Hartochdom Breunswyk-Lüneburg waarden ferslein troch in Frânske troepemacht. Dit resultearret úteinlik yn 'e besetting fan Hannover troch de Frânsen. 1851 - It Ferdrach fan Traverse des Sioux wurdt sletten tusken de Feriene Steaten en de Sisseton- en Wahpeton-stammen fan 'e Eastlike Dakota-Yndianen. Hjirby krije de Feriene Steaten it grutste part fan súdlik Minnesota yn 'e hannen. 1881 - De fiifjierrige Johannes Huibers, letter biskop fan Haarlim, leit de earste stien fan it Sintraal Stasjon yn Amsterdam. 1903 - De Amerikaanske yndustrieel Henry Ford ferkeapet syn earste auto, in twasilinder Model A dy't makke is yn Detroit. 1992 - Abgaazje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Georgje. 2004 - De Stifting Fryske Aksje kaapt de domeinnamme www.ednijpels.nl. 2007 - De Fryske oersetting fan Harry Potter and the Philosopher's Stone komt út by Utjouwerij Bornmeer.
Berne 1339 - hartoch Loadewyk I fan Anzjû, Frânsk prins († 1384) 1723 - Eelko Alta, Frysk predikant, lânboukundige en politikus († 1798) 1826 - Pieter Caland, Nederlânsk weterboukundige († 1902) 1864 - Jan Linses van der Burg, Frysk dichter († 1905) 1876 - Egnatius Ydema, Frysk keunstskilder († 1937) 1910 - Pimen I fan Moskou, patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke († 1990) 1918 - Abraham Bueno de Mesquita, Nederlânsk komyk en akteur († 2005) 1923 - Thea Beckman, Nederlânsk berneboekeskriuwster († 2004) 1940 - John Nichols, Amerikaansk skriuwer († 2023) 1943 - Tony Joe White, Amerikaansk sjonger en muzikant († 2018) 1944 - Judith Bosch, Nederlânsk presintatrise 1947 - Gardner Dozois, Amerikaansk skriuwer en redakteur († 2018) 1947 - Larry Manetti, Amerikaansk akteur 1957 - Theo van Gogh, Nederlânsk regisseur († 2004) 1960 - Onno Meijer, Frysk akteur en keunstrider († 2008) 1973 - Monica Lewinsky, minneresse fan 'e Amerikaanske presidint Bill Clinton 1976 - Mark van Eeuwen, Nederlânsk akteur en presintator 1991 - Renze Pieter Hiemstra, Frysk keatser
Ferstoarn 1382 - keninginne Jehanna I fan Napels (* 1328) 1581 - George fan Lalaing, greve fan Rennenberch, Spaansk steedhâlder fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel (* 1536) 1757 - Domenico Scarlatti, Italjaansk komponist (* 1685) 1853 - Andries Pretorius, Afrikaner politikus en foartrekker (* 1799) 1885 - Ulysses S. Grant, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1822) 1916 - William Ramsay, Skotsk skiekundige en Nobelpriiswinner (* 1852) 1943 - Ans Polak, Nederlânsk turnster (* 1906) 1976 - Wilhelmina von Bremen, Amerikaansk sprintster (* 1909) 1980 - Franco Tognini, Italjaansk turner (* 1907) 1992 - Willem Keune, Nederlânsk argivaris (* 1922) 1997 - Chuhei Nambu, Japansk atleet (* 1904) 2002 - Chaim Potok, Amerikaanske skriuwer en rabbyn (* 1929) 2007 - Ernst Otto Fischer, Dútsk skiedkundige (* 1918) 2008 - U.G. de Jong, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1925) 2010 - Willem Breuker, Nederlânsk muzikant en komponist (* 1944) 2011 - Johnny Hoes, Nederlânsk sjonger (* 1917) 2011 - Amy Winehouse, Ingelsk sjongster (* 1983) 2014 - Helen Johns, Amerikaansk swimster (* 1914) 2015 - Jan Postma, Frysk âld-plysjeman en skriuwer (* 1932) 2022 - Rinus Ferdinandusse, Nederlânsk skriuwer (* 1931) 2024 - G. Willem Abma, Frysk skriuwer en dichter (* 1942) 2025 - George Kooymans, Nederlânsk gitarist (* 1948)
Kategory:Datum 23