Foarfallen 1018 - Yn 'e Slach by Flaardingen ferslacht greve Durk III fan Hollân it leger fan 'e Dútske keizer. 1108 - Loadewyk VI (de Grouwe) folget Filips I op as kening fan Frankryk. 1585 - De Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg stiftet de Universiteit fan Frjentsjer, dy't feitlik in teologyske hegeskoalle is. 1588 - De earste konfrontaasje fan 'e Spaanske Armada mei de Ingelske float. De Ingelsen winne. 1655 - Yn Amsterdam wurdt it stedhûs op 'e Daam yn gebrûk nomd. Der is 7 jier oan boud. 1752 - De Ljouwerter Krante ferskynt foar it earst as Leeuwarder Saturdagse Courant. 1837 - It (twadde) Ferdrach fan St. Peters wurdt sletten tusken de Feriene Steaten en de Odjibwe-Yndianen. Hjirby steane de Boppemarder Tsjippewa, de Mississippy-Tsjippewa, de Plonderder-Tsjippewa en de Mille Lacs-Yndianen in grut diel fan noardlik Wiskonsin en in diel fan eastlik-sintraal Minnesota oan 'e Feriene Steaten ôf. 1899 - Op 'e ein fan 'e earste ynternasjonale fredeskonferinsje, yn De Haach, ûndertekenje 26 lannen de Haachske Konvinsje, wêryn't û.m. it brûken fan gemyske wapens en loftbombardeminten ferbean wurdt. 1921 - Yn Dútslân wurdt Adolf Hitler foarsitter fan 'e NSDAP. 1927 - Yn New York wurdt de earste izeren long yn gebrûk nommen. 1931 - Oprjochting Fuotbalferiening De Blesse. 1942 - Jan Rodenhuis, Feite de Jager en Frans Helfrich winne yn Frjentsjer de 91ste PC yn oranje shirts. Jan Rodenhuis wurdt útroppen ta kening. 1947 - Oprjochting Fuotbalferiening Ryptsjerk. 1948 - Iepening fan de Olympyske Simmerspullen yn Londen. 1953 - Hotze Schuil, Frans Helfrich en Rinnie Kuiper winne yn Frjentsjer de 100ste PC. Rinnie Kuiper wurdt útroppen ta kening. 1954 - The Fellowship of the Ring, it earste diel fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings-trilogy, wurdt publisearre. 1981 - De Britske kroanprins Charles trout mei Lady Diana Spencer.

Berne 1742 - Armand de Kersaint, Frânsk marine-ofsier en politikus († 1793) 1833 - Age Looxma Ypeij, Frysk grutgrûnbesitter en filantroop († 1892) 1883 - Benito Mussolini, premier en diktator fan Itaalje († 1945) 1889 - Johannes Rijpstra, Frysk politikus en fersetsman († 1944) 1905 - Dag Hammarskjöld, Sweedsk diplomaat en siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes († 1961) 1914 - Adam Jaarsma, Frysk predikant, skriuwer en oersetter († 1991) 1927 - Harry Mulisch, Nederlânsk skriuwer († 2010) 1940 - Tryntsje van der Zee, Frysk oersetster († 2009) 1942 - Tony Sirico, Amerikaansk akteur († 2022) 1944 - Hidde Maas, Nederlânsk akteur 1951 - Jan de Haan, Frysk komponist, muzykútjouwer, dirigint en muzikant 1957 - Liam Davison, Australysk skriuwer († 2014) 1965 - Robert Wade King, Amerikaansk heechspringer (* 1906) 1968 - Arno Brok, Nederlânsk politikus en Kommissaris fan de Kening fan Fryslân 1979 - Lexxxi Lockhart, Amerikaansk pornoaktrise 1987 - Mechiel Versluis, Frysk roeier

Ferstoarn 238 - keizer Markus Klodius Pupienus Maksimus fan it Romeinske Ryk (* 164 of 174) 1573 - Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, Spaansk ealman en politikus (* 1516) 1856 - Robert Schumann, Dútsk pianist en komponist (* 1810) 1857 - prins Karel Lusiaan Bonaparte, Italjaansk-Frânsk biolooch (* 1803) 1890 - Vincent van Gogh, Nederlânsk keunstskilder (* 1853) 1954 - Coen de Koning, Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner (* 1879) 1969 - Julio García Fernández, Spaansk hynstesporter (* 1894) 1979 - Herbert Marcuse, Dútsk-Amerikaansk filosoof (* 1898) 1980 - Age Scheffer, Frysk sjoernalist (* 1900) 1983 - Carlo Orlandi, Italjaansk bokser (* 1910) 1988 - Dick Swidde, Nederlânsk akteur (* 1906) 2004 - Francis Crick, Ingelsk biolooch, fysiolooch en Nobelpriiswinner (* 1916) 2022 - Janine van Wely, Nederlânsk aktrise en kabaretiêre (* 1937)

Kategory:Datum 29