Foarfallen 1667 - Ingelân tekenet de Frede fan Breda mei de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen. Dit ferdrach makket in ein oan 'e Twadde Ingelske Oarloch. Ingelân hâldt New York, mar jout Sint-Eustatius en Saba werom. Ek docht it ôfstân fan Suriname en fan Kormantyn, in fort yn West-Afrika. It fersoepelet de Akte fan Navigaasje en jout syn oanspraken op Pulau Run, yn 'e Banda-eilannen, op. Dit is in grutte oerwinning foar de Republyk en benammen foar riedpinsjonaris Johan de Witt. 1754 - De âldst bekende hurdsylwedstryd wurdt beskreaun as Aarnt Hânses, weard yn De Jonge Prins te Grou, in wedstryd fersile lit. 1781 - Yn it ramt fan 'e Fjirde Ingelske Oarloch fynt op 'e Noardsee de Slach by de Doggersbank plak. De Ingelske float falt in Steatsk konfoai oan by de Doggersbank. De seeslach einiget feitlik ûnbeslist, mar wurdt yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen as in geweldige oerwinning fierd. 1851 - It Ferdrach fan Mendota wurdt sletten tusken de Feriene Steaten en de Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen fan 'e Eastlike Dakota-Yndianen. Hjirby krije de Feriene Steaten grutte dielen fan súdlik Minnesota yn 'e hannen. 1947 - De Earste Polysjonele Aksje yn Nederlânsk-Ynje wurdt beëinige. 1971 - It Juckema Siderius Fûns foar maatskiplike en kulturele projekten wurdt ynsteld. 2016 - Iepening fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Rio de Janeiro.

Berne 1715 - Sjarlotte Sofy fan Aldenburch, Eastfrysk ealfrouwe en feministe († 1800) 1723 - Marije fan Hannover, lângrevinne-gemalinne fan Hessen-Kassel († 1772) 1850 - Guy de Maupassant, Frânsk skriuwer († 1893) 1866 - Tjipke Postma, Frysk skipper en folksdichter († 1956) 1887 - Hendrik Voordewind, Nederlânsk skriuwer en plysjeman († 1972) 1910 - Francis Johnson, Amerikaansk basketballer († 1997) 1914 - Sem Dresden, Nederlânsk literatuerwittenskipper († 2002) 1928 - Clu Gulager, Amerikaansk akteur († 2022) 1930 - Neil Armstrong, Amerikaansk astronaut († 2012) 1932 - Gy Waldron, Amerikaanske produsint en regisseur 1939 - Irene fan Oranje-Nassau, Nederlânsk prinsesse 1949 - Viola Holt, Nederlânsk presentatrise († 2025) 1952 - Geke Faber, Frysk politika en bestjoerder 1958 - Sjon Stellinga, Nederlânsk politikus 1959 - Pat Smear, Amerikaansk gitarist 1961 - Tawny Kitaen, Amerikaansk aktrise en presintatrise († 2021) 1976 - Jewel De'Nyle, Amerikaansk pornoaktrise 1978 - Rita Faltoyano, Hongaarsk pornoaktrise 1985 - Salomon Kalou, Ivoriaansk fuotballer 1987 - Lexi Belle, Amerikaansk pornoaktrise 1989 - Veronica van Hoogdalem, Nederlânsk presintatrise

Ferstoarn 1157 - greve Durk VI fan Hollân (* 10??) 1810 - Gadso Coopmans, Frysk medikus en dichter (* 1746) 1881 - Bûnte Sturt (Spotted Tail), opperhaad fan 'e Lakota (* 1823) 1895 - Friedrich Engels, Dútsk filosoof en grûnlizzer fan it kommunisme (* 1820) 1953 - Sven Johansson, Sweedsk kanoër (* 1912) 1954 - Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten, Frysk politikus (* 1870) 1958 - Carl Westergren, Sweedsk wrakselder (* 1895) 1962 - Marilyn Monroe (Norma Jean Baker), Amerikaansk aktrise en sekssymboal (* 1926) 1967 - György Bródy, Hongaarsk wetterpoloër (* 1908) 1979 - Sybolt Meyes Tigchelaar, Frysk keatser (* 1888) 1984 - Richard Burton, Welsk akteur (* 1925) 1991 - Soichiro Honda, Japansk autofabrikant (* 1906) 1992 - Tante Leen, Nederlânsk sjongeres (* 1912) 1999 - Rimma Zjoekova, Russysk reedrydster (* 1925) 2000 - Alec Guinness, Ingelsk akteur (* 1914) 2006 - Martinus Baaijens, Nederlânsk ûnderwiissaakkundige (* 1916) 2022 - Clu Gulager, Amerikaansk akteur (* 1928) 2022 - Judith Durham, Australysk sjongeres (* 1943)

Kategory:Datum 05