Foarfallen 378 - Yn 'e Slach by Adrianopel lijt it Romeinske leger in swiere nederlaach tsjin 'e Westgoaten, dy't sjoen wurdt as it begjin fan 'e delgong fan it Westromeinske Ryk. 1138 - In swiere ierdbeving treft de Syryske stêd Aleppo, mei likernôch 230.000 deaden ta gefolch. 1483 - De Sikstynske Kapel yn it Fatikaan wurdt offisjeel ynwijd. 1559 - Willem fan Oranje wurdt steedhâlder fan Hollân en Seelân. 1842 - Troch it sluten fan it Webster-Ashburton Ferdrach wurdt it ferrin fan 'e grins fêstlein tusken de Feriene Steaten en de Britske koloanjes dy't letter Kanada foarmje sille. 1910 - De Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen set mei syn skip de Fram ôf út Kristiania, mei as bestimming Antarktika. 1942 - De Britsk-Yndyske aktivist Mahatma Gandhi wurdt arrestearre.. 1945 - Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wurdt de twadde Amerikaanske atoombom op 'e Japanske stêd Nagasaki smiten. Der falle 39.000 oant 80.000 deaden. 1969 - Yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles fine de Tate-moarden plak, wêrby't 6 minsken ombrocht wurde. Yn har wente oan Cielo Drive yn 'e wyk Hollywood wurdt de acht en in heale moanne swiere aktrise Sharon Tate, de frou fan regisseur Roman Polanski, mei trije fan har freonen en in tafallige omstanner fermoarde troch trije leden fan 'e Manson Family, de sekte fan Charles Manson. Har ûnberne poppe wurdt neitiid as it sechsde slachtoffer telt. 1986 - De Ingelske band Queen jout syn lêste konsert mei Freddie Mercury, yn Boedapest. 1992 - Sluting fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Barseloana.
Berne 1603 - Johannes Coccejus, Dútsk-Nederlânsk teolooch en filosoof († 1669) 1722 - Augustus Willem fan Prusen, Prusysk prins († 1758) 1885 - Clément van Maasdijk, Nederlânsk fleander en loftfeartpionier († 1910) 1898 - Mariap fan Urk, Nederlânsk dichteres († 1966) 1909 - Ivan Fuqua, Amerikaansk atleet († 1994) 1910 - Nuttert Timmerman, Frysk bestjoerder yn 'e draafsport († 1981) 1913 - John Fernhout, Nederlânsk filmer en fotograaf († 1987) 1919 - Joop den Uyl, premier fan Nederlân († 1987) 1920 - Tormod Skagestad, Noarsk skriuwer en dichter († 1997) 1920 - Eddy de Jongh, Nederlânsk fotograaf († 2002) 1923 - Gerrit Kouwenaar, Nederlânsk dichter en skriuwer († 2014) 1937 - Renato Longo, Italjaansk hurdfytser († 2023) 1941 - Anne Huitema, Frysk byldzjend keunstner 1946 - Rinus Gerritsen, Nederlânsk bassist 1953 - Kay Stenshjemmet, Noarsk reedrider 1963 - Whitney Houston, Amerikaanske sjongster († 2012) 1970 - Stacy Valentine, Amerikaansk pornoaktrise 1976 - Rhona Mitra, Ingelsk aktrise 1980 - Gijs Naber, Nederlânsk akteur
Ferstoarn 1625 - Marcus Lycklama à Nijeholt, Frysk politikus, abbekaat en rjochtsgelearde (* 1573) 1763 - Jan Althuysen, Frysk skriuwer (* 1715) 1817 - hartoch Leopold III Freark Frâns fan Anhalt-Dessau (* 1740) 1854 - Oerwinnende Bear (Conquering Bear), opperhaad fan 'e Lakota (* 1800) 1877 - Sybrand van Beyma, Frysk politikus en jurist (* 1812) 1903 - Onno Klopp, Eastfrysk skiedkundige (* 1822) 1969 - Sharon Tate, Amerikaansk aktrise (* 1943) 1972 - Hubert Caldwell, Amerikaansk roeier (* 1907) 1975 - Dmitri Sjostakovitsj, Russysk komponist en pianist (* 1906) 1978 - Lajos Keresztes Hongaarsk wrakselder (* 1900) 1995 - Ann Flower, Aldste persoan fan Nederlân (* 1885) 1996 - Lionel Emmett, Yndiaask hockeyer (* 1913) 2000 - Edzo Hendrik Waterbolk, Frysk skiedkundige (* 1915) 2001 - Abe Bonnema, Frysk arsjitekt (* 1926) 2009 - Tony Feitsma, Frysk taalkundige en publisiste (* 1928) 2022 - Raymond Briggs, Ingelske berneboekeskriuwer (* 1934) 2022 - Nicholas Evans, Ingelsk skriuwer (* 1950)
Kategory:Datum 09