Foarfallen 1099 - Godfryd fan Bûljon oerweldiget de Sarasenen. It Keninkryk Jeruzalim wurdt stifte. 1877 - De astronoom Asaph Hall ûntdekt de twadde fan 'e beide moanne (byplaneet)moannen fan Mars: Deimos. 1898 - De fijannichheden tusken de Feriene Steaten en Spanje yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch wurde beëinige. De Feriene Steaten hawwe Kuba, Porto Riko, de Filipinen en Gûam op 'e Spanjerts ferovere. 1950 - Yn Grinslân fynt de Treinramp yn Grins plak, wêrby't 6 bêrn omkomme en noch ris 6 bêrn ferwûne reitsje. 1984 - Sluting fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Los Angeles. 2000 - Yn 'e Barentssee giet de Russyske atoomûnderseeër de Koersk te sink, wêrby't alle 118 bemanningsleden omkomme.

Berne 1566 - Isabella fan Spanje, Spaansk lânfâdesse fan 'e Súdlike Nederlannen († 1633) 1762 - George IV fan it Feriene Keninkryk († 1830) 1848 - Marcellus Emants, Nederlânsk skriuwer († 1923) 1884 - Annie Catharina Kleefstra, Frysk ynstitútdirekteur († 1977) 1898 - Hendrik Christiaan van de Leur, Nederlânsk arsjitekt († 1994) 1900 - Douwe Miedema, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1978) 1902 - Mohammad Hatta, Premier fan Yndoneezje († 1980) 1917 - Herman van der Heide, Frysk byldzjend keunstner († 1998) 1922 - André Kloos, Nederlânsk politikus en bestjoerder († 1989) 1932 - Sirikit fan Tailân, keninginne fan Tailân († 2025) 1935 - Tjitte Piebenga, Frysk skriuwer en literatuerkritikus († 2007) 1949 - Janet Maslin, Amerikaansk film- en literatuerkritika 1952 - Apollonia van Ravenstein, Nederlânsk model en aktrise 1954 - François Hollande, presidint fan Frankryk 1960 - Laurent Fignon, Frânsk hurdfytser († 2010) 1969 - Tanita Tikaram, Ingelsk sjongster 1971 - Pete Sampras, Amerikaansk tennisser 1981 - Caylian Curtis, Tsjechysk pornoaktrise 1982 - Even Wetten, Noarsk hurdrider 1983 - Klaas Jan Huntelaar, Nederlânsk fuotballer

Ferstoarn 30 f.Kr. - keninginne Kleopatra VII fan Egypte (* 69 f.Kr.) 1319 - hartoch Rudolf I fan Beieren (* 1274) 1612 - Giovanni Gabrieli, Italjaansk komponist (* 1557) 1638 - Johannes Althusius, Eastfrysk rjochtsfilosoof (* 1557) 1751 - Elizabeth Huber-De Hertoghe, Frysk regintefrou (* 1666) 1827 - William Blake Ingelsk skriuwer, dichter, tekener, keunstskilder en graveur (* 1757) 1848 - George Stephenson, Ingelsk útfiner fan 'e steamlokomotyf (* 1781) 1901 - Adolf Erik Nordenskiöld, Finsk-Sweedsk geolooch en ûntdekkingsreizger (* 1832) 1904 - Wite Swan (White Swan), Kriesk ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger (* 1851) 1931 - Cornelis Johannes Kieviet, Nederlânsk berneboekeskriuwer (* 1858) 1934 - Hendrik Petrus Berlage, Nederlânsk arsjitekt (* 1856) 1955 - Thomas Mann, Dútsk skriuwer en Nobelpriiswinner (* 1875) 1964 - Ian Fleming, Ingelsk skriuwer (* 1908) 1981 - Marten Hedzers Castelein, Frysk amateur-histoarikus (* 1894) 1982 - Henry Fonda, Amerikaansk akteur (* 1905) 1992 - John Cage, Amerikaansk komponist (* 1912) 1994 - Harold Tower, Amerikaansk roeier (* 1911) 2011 - Geertruida Draaisma, âldste persoan fan Nederlân (* 1902) 2013 - Johan Friso fan Oranje-Nassau fan Amsberg, Nederlânsk prins (* 1968) 2015 - Stephen Lewis, Ingelsk akteur (* 1926) 2019 - Tom van Deel, Nederlânsk dichter, essayist en literatuerkritikus (* 1945) 2022 - Wolfgang Petersen, Eastfrysk filmregisseur en filmprodusint (* 1941) 2022 - Anne Heche, Amerikaansk aktrise (* 1969) 2023 - Aggie van der Meer, Frysk skriuwster (* 1927) 2024 - Jikke de Haan, Frysk oersetster en toanielregisseur (* 1938)

Kategory:Datum 12