Foarfallen 1397 - Slach op de Menamer-mieden tusken Skieringers en Fetkeapers 1913 - De FIFA yntrodusearret in nije regel - by in frije trap moatte de tsjinstanners 10 Ingelske jelne (9,15 meter) wei bliuwe. 1941 - De earste twahûndert finzenen komme oan yn kamp Amersfoart. It is in groep kommunisten dy't earder ynternearre wienen yn kamp Schoorl. 1960 - De earste antikonsepsjepil komt op de merk. 1964 - Súd-Afrika wurdt útsletten fan de Olympyske Spullen út reden fan de apartheidpolityk. 1971 - Austraalje en Nij Seelân lûke harren troepen werom út Fietnam. 2018 - De Nederlânske swimmer en Olympysk kampioen Maarten van der Weijden giet fan start foar syn 11stêdeswimtocht, wêrby't er swimmend de rûte fan 'e Alvestêdetocht ôflizze wol.
Berne 1830 - keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk († 1916) 1897 - Roel Walda, Frysk politikus († 1983) 1901 - Arne Borg, Sweedsk swimmer († 1987) 1903 - Adhemar Canavesi, Oerûguayaansk fuotballer († 1984) 1904 - Max Factor, Poalsk-Amerikaansk ûndernimmer († 1996) 1918 - Piet Keijzer, Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner († 2008) 1923 - André Roosenburg, Nederlânsk fuotballer († 2002) 1925 - Jan de Soet, Nederlânsk bestjoerder, topman fan de KLM († 2012) 1927 - Rosalynn Carter, Amerikaansk presidintsfrou († 2023) 1931 - Oleg Gontsjarenko, Oekraynsk reedrider († 1986) 1931 - Hans van Mierlo, Nederlânsk politikus († 2010) 1933 - Roman Polanski, Poalsk-Frânsk regisseur en filmprodusint 1936 - Robert Redford, Amerikaansk akteur en regisseur († 2025) 1941 - Carter Camp, Amerikaansk aktivist († 2013) 1946 - Leonard George, Kanadeesk akteur († 2017) 1958 - Madeleine Stowe, Amerikaansk aktrise 1986 - Wouter Olde Heuvel, Nederlânsk reedrider 1989 - London Keyes, Amerikaansk pornoaktrise 1996 - Alana Summers, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn 472 - Risimer, Goatysk hearsker oer Itaalje (* ±405) 1227 - Dzjengis Khan, grutkhan fan de Mongoalen (* 1162) 1304 - Willem fan Gulik de Jongere, Flaamsk-Dútsk ealman (* 1275) 1850 - Honoré de Balzac, Frânsk skriuwer (* 1799) 1940 - Walter P. Chrysler, Amerikaansk autofabrikant (* 1875) 2002 - Johan Bok, Frysk musikus (* 1929) 2004 - Lieuwe Heine Bouma, Frysk oersetter (* 1919) 2012 - Scott McKenzie, Amerikaansk sjonger (* 1939) 2016 - Marijke Jongbloed, Frysk dokumintêremakster (* 1956) 2018 - Kofi Annan, Ganeesk diplomaat en siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes (* 1938) 2022 - Josephine Tewson, Ingelsk aktrise (* 1931) 2024 - Alain Delon, Frânsk akteur (* 1935)
Kategory:Datum 18