Foarfallen 476 - Romulus Augustulus, de lêste keizer fan it Westromeinske Ryk, wurdt ôfsetten. 1305 - De Skotske frijheidsstrider William Wallace wurdt yn Londen op befel fan 'e Ingelske kening Edwert I terjochtsteld. 1328 - Yn 'e Slach by Kassel ferslacht it Frânske leger opstannige Flaamske boeren ûnder lieding fan Nicolaas Zannekin. 1572 - De Bartoloméusnacht begjint, ek wol bekend as de Bloedbrulloft, wêrby't yn Parys troch ekstremistyske roomsen 2.000 hugenoaten om ôfslachte wurde. 1614 - De Latynske skoalle fan Grins wurdt in universiteit, de lettere Ryksuniversiteit Grins. 1679 - Mei de ûndertekening fan it Edikt fan Fontainebleau komt in ein oan de Skânske Oarloch tusken Denemark en Sweden. Under swiere druk fan Frankryk moat Denemark it gebiet dat werovere wie op Sweden weromjaan. 1942 - Yn 'e Twadde Wrâldoarloch begjint oan it Eastfront de krúsjale Slach om Stalingrad. 1944 - Yn Warnsveld wurdt in temperatuer fan 38,6 °C metten; de heechste deitemperatuer yn Nederlân ea sûnt it begjin fan de mjittings.

Berne 676 - Karel Martel, hofmeier fan it Frankyske Ryk († 741) 1113 - hartoch Godfryd V fan Normanje († 1151) 1754 - kening Loadewyk XVI fan Frankryk († 1793) 1769 - Georges Cuvier, Frânsk biolooch († 1832) 1839 - Henry E. Noyes, Amerikaansk militêr († 1919) 1889 - Truus Schröder-Schräder, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1985) 1896 - Douwe Andries Bijlsma, Frysk slangeminske en boeiekening († 1967) 1900 - Jelle Hendriks Brouwer, Frysk dichter en heechlearaar († 1981) 1901 - Minne Endstra, Nederlânsk ûndernimmer († 1971) 1906 - Marie van der Zeyde, Nederlânsk letterkundige († 1990) 1911 - Albert Alberts, Nederlânsk skriuwer en oersetter († 1995) 1911 - Betty Robinson, Amerikaansk atlete († 1999) 1912 - Gene Kelly, Amerikaansk akteur en dûnser († 1996) 1913 - Duane Swanson, Amerikaansk basketballer († 2000) 1916 - Myra Ward, Nederlânsk aktrise († 1990) 1922 - Klaas Hospes, Frysk kabaretier († 1999) 1927 - Dick Bruna, Nederlânsk skriuwer, yllustrator en grafysk foarmjouwer († 2017) 1934 - Fred Emmer, Nederlânsk nijslêzer en skriuwer († 2019) 1952 - Vicky Leandros, Gryksk sjongster 1966 - Rik Smits, Nederlânsk basketballer 1972 - Erika Bella, Hongaarsk pornoaktrise 1978 - Kobe Bryant, Amerkaansk basketbalspiler († 2020) 1980 - Sofie van den Enk, Nederlânsk presintatrise 1992 - Dennis Veenker, Frysk atleet en bobslider 1996 - Vincent Gross, Switsersk sjonger

Ferstoarn 1305 - William Wallace, Skotsk frijheidsstrider (* 1270) 1387 - kening Olaf IV fan Noarwegen (* 1370) 1618 - Gerbrand Adriaensz. Bredero, Nederlânsk toanielskriuwer (* 1585) 1806 - Charles-Augustin de Coulomb, Frânsk natuerkundige (* 1736) 2006 - Jan Tissing, Nederlânsk taalkundige en Drintsk taalaktivist (* 1940) 2010 - Sipke Oppedijk, Frysk akteur en kabaretier (* 1935) 2017 - Alexandra Terlouw-Van Hulst, Nederlânsk skriuwster en oersetster (* 1935)

Kategory:Datum 23