Foarfallen 1424 - Yn 'e Hûndertjierrige Oarloch ferslacht in mienksiplik Ingelsk-Boergondysk leger yn 'e Slach by Verneuil op beslissende wize in mienskiplike Frânsk-Skotske troepemacht. 1672 - De opmars fan 'e biskop fan Meunster yn Noard-Nederlân wurdt troch Karl Rabenhaupt tsjinkeard by Grins. 1862 - Yn Minnesota brekt ûnder de Dakota-Yndianen in opstân út dy't bekend komt te stean as de Dakota-Oarloch fan 1862. 1945 - Soekarno ferklearret Yndoneezje ûnôfhinklik fan Nederlân. 1960 - Gabon wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 1969 - De Tsjechoslowaakske studint Jan Palach stekt himsels yn 'e brân, út protest tsjin it weromdraaien fan 'e herfoarmings dy't yn syn lân ûnder de Praachse Maityd trochfierd wiene. 1980 - Hoewol't harren easken ynskewiele wurde, beslute de stakers op 'e Lenin-skipswerf yn Gdańsk troch te gean mei harren staking út solidariteit mei stakers yn oare dielen fan Poalen. Dit is it begjin fan it frije fakbûn Solidariteit. 2018 - Begjin fan it wykein fan 'e Reuzen yn Ljouwert: yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 wurdt de Fryske haadstêd Ljouwert oandien troch de 15 m hege marionetten fan it Frânske strjitteäterselskip Royal de Luxe. Op dat evenemint komme hûnderttûzenen minsken ôf.
Berne 1601 - Pierre de Fermat, Frânsk wiskundige († 1665) 1757 - Hayo Tuinhout, Frysk politikus en bestjoerder († 1811) 1766 - Thijs Feenstra, Frysk politikus en bestjoerder († 1840) 1798 - Anton Delvig, Russysk dichter en sjoernalist († 1831) 1835 - Gerrit Tiemersma, Frysk skriuwer († 1923) 1839 - Matthijs Maris, Nederlânsk keunstskilder († 1917) 1893 - Mae West, Amerikaansk aktrise († 1980) 1896 - Hendrik de Vries, Nederlânsk dichter en skilder († 1989) 1907 - Ciro Verratti, Italjaansk skermer († 1971) 1920 - Maureen O'Hara, Iersk aktrise († 2015) 1927 - Maximilien Vegelin van Claerbergen, Nederlânsk diplomaat († 2011) 1928 - Willem Duys, Nederlânsk radio- en tillefyzjepresintator en muzykprodusint († 2011) 1930 - Ted Hughes, Ingelsk dichter en skriuwer († 1998) 1936 - Floyd Red Crow Westerman, Amerikaansk akteur, sjonger en aktivist († 2007) 1941 - Fritz Wepper, Dútsk akteur († 2024) 1943 - Robert De Niro, Amerikaansk akteur 1943 - Mykola Sjmatko, Oekraynsk keunstner († 2020) 1953 - Herta Müller, Roemeensk-Dútsk skriuwster 1957 - Ty Burr, Amerikaansk filmkritikus 1962 - Laura Resnick, Amerikaansk skriuwster 1970 - Jim Courier, Amerikaansk tennisser 1977 - Thierry Henry, Frânsk fuotballer 1977 - Tarja Turunen, Finsk sjongeres 1980 - Jan Kromkamp, Frysk fuotballer 1993 - Cassidy Banks, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn 310 - paus Eusebius (* ???) 1673 - Reinier de Graaf, Nederlânsk dokter en anatoom (* 1641) 1786 - kening Freark de Grutte fan Prusen (* 1712) 1983 - Ira Gershwin, Amerikaansk tekstskriuwer (* 1896) 1984 - Jan Retèl, Nederlânsk akteur en regisseur (* 1918) 1987 - Rudolf Hess, Dútsk politikus en oarlochsmisdiediger (* 1894) 1989 - Lawrence Stevens, Súdafrikaansk bokser (* 1913) 1990 - Johannes Zijlstra, Frysk keatser (* 1929) 1993 - Thys Polstra, Frysk toanielskriuwer (* 1905) 2012 - Willem G. van Maanen, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist (* 1920)
Kategory:Datum 17