Foarfallen 1642 - As earste observearret Christiaan Huygens de súdpoalkap fan Mars. 1849 - It leger fan it Keninkryk Hongarije jout him by Világos oer oan 'e Russyske bûnsgenoaten fan 'e Eastenrikers. Dat betsjut yn 'e praktyk de ein fan 'e Hongaarske Opstân fan 1848, hoewol't de striid op guon plakken noch trochgean sil oant 4 oktober. 1905 - Noarwegen wurdt ûnôfhinklik fan Sweden. 1961 - Eastdútske troepen slute mei stikeltried de eastlike sektor fan Berlyn ôf, wat it begjin is fan de Berlynske Muorre. 2004 - Iepening fan 'e Olympyske Spullen yn Atene.
Berne 1816 - Wieger Hendrikus Idzerda, Nederlânsk politikus († 1881) 1834 - Walle Melis Oppedijk, Frysk houtkeapman en politikus († 1893) 1860 - Annie Oakley, Amerikaanske skerpskutter en artyste († 1926) 1878 - Salomon de Wolff, Frysk ekonoom, politikus en sionist ([† 1960) 1895 - István Barta, Hongaarsk wetterpoloër († 1948) 1899 - Alfred Hitchcock, Ingelsk regisseur († 1980) 1902 - Felix Wankel, Dútsk útfiner († 1988) 1909 - Wilhelmina von Bremen, Amerikaansk sprintster († 1976) 1906 - Berend Nauta, Frysk boargemaster († 1988) 1917 - Sjoerd Nieuwland, Frysk dirigint († 2007) 1918 - Frederick Sanger, Ingelsk biolooch en twafâldich Nobelpriiswinner († 2013) 1926 - Fidel Castro, presidint fan Kuba († 2016) 1936 - Schelto Patijn, Nederlânsk politikus († 2007) 1951 - Ric Parnell, Ingelsk drummer († 2022) 1955 - Sietse de Vries, Frysk skriuwer en sjoernalist 1956 - Atte Jongstra, Frysk skriuwer en resensint 1957 - Harry Oosterman, Frysk politikus 1962 - Manuel Valls, Frânsk-Katalaansk politikus 1963 - Stephanie Zacharek, Amerikaansk filmkritika 1966 - René Karst, Drintsk sjonger († 2025) 1967 - Tamara Bos, Nederlânsk senario- en berneboeke skriuwster 1970 - Wendy Whoppers, Amerikaansk pornoaktrise 1980 - Afke Boven, Frysk presintatrise 1980 - Veronica de la Cruz, Amerikaansk ferslachjouster, nijslêzeresse en presintatrise 1981 - Claire Dames, Amerikaansk pornoaktrise 1982 - Shani Davis, Amerikaansk reedrider
Ferstoarn 1523 - Gerard David, Súdnederlânsk skilder (* 1455?) 1821 - Baudina Stinstra, Frysk tekeneresse (* 1739) 1848 - Pyter Jentsjes Rollema, Nederlânsk arsjitekt (* 1786) 1873 - Jan Schepers, Frysk dokter en skriuwer (* 1815) 1910 - Florence Nightingale, Ingelsk ferpleechster (* 1820) 1927 - James Oliver Curwood, Amerikaansk skriuwer (* 1878) 1946 - H.G. Wells, Ingelsk skriuwer (* 1866) 1949 - Geerhardus Vos, Frysk-Amerikaansk teolooch (* 1862) 1963 - Morvan Marchal, Bretonsk aktivist (* 1900) 1990 - Dallas Bixler, Amerikaansk turner (* 1910) 1992 - Jan Elburg, Nederlânsk dichter (* 1919) 2020 - Corrie Hafkamp, Nederlânske berneboekeskriuwster (* 1929) 2022 - Denise Dowse, Amerikaanske aktrise (* 1958)
Kategory:Datum 13