Foarfallen 1617 - De Steaten fan Hollân nimme de Scherpe Resolutie oan: de stêden fan Hollân wurde machtige om wardjilders yn 'e tsjinst te nimmen om rebûlje del te twingjen. Mei dit beslút komt de riedpinsjonaris Johan van Oldenbarnevelt frontaal yn botsing mei steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau. Neffens dyselde falt it oannimmen en ôftankjen fan troepen ûnder it foech fan 'e Steaten-Generaal. 1801 - In nije Frânske grûnwet jout Napoleon Bonaparte mear macht. 1873 - Yn it ramt fan 'e Yellowstone-ekspedysje fynt yn Montana de Slach by Honsinger Bluff plak tusken it Amerikaanske Leger en de Lakota-Yndianen, dy't einiget yn in Amerikaanske oerwinning. 1914 - Yn 'e Earste Wrâldoarloch falle Dútske troepen Belgje binnen. Grut-Brittanje, dat de Belgyske neutraliteit garandearre hie, ferklearret dêrop Dútslân de oarloch. 1944 - Anne Frank, har heit en mem en har âldere suster wurde, nei ferret te wêzen, oppakt yn Amsterdam. 1945 - Prinsesse Juliana en har gesin komme út ballingskip yn Kanada werom nei Nederlân. 1966 - Loebas Oosterbeek rjochtet de Feriening Fan Tsjinstplichtige Militêren (VVDM) op. 1979 - Bontebok krijt de offisjele doarpsstatus. 1995 - Kroaasje lansearret Operaasje Stoarm, en wit de Krajina en West-Slavoanje werom te feroverjen op Servyske troepen. 1996 - Sluting fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Atlanta. 2004 - Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger, winne de 147e edysje fan 'e PC; Iseger wurdt útroppen ta kening fan 'e partij. 2005 - Keninginne Beatrix besiket de provinsje Fryslân yn 'e rige fan provinsjebesites fanwegen har 25-jierrich jubileum op 'e troan. 2010 - De Noardfryske Wikipedy set útein.
Berne 1630 - Elizabeth fan Oranje-Nassau, Nederlânsk ealfrouwe († 1630) 1687 - Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte († 1711) 1755 - Nicolas-Jacques Conté, Frânsk keunstskilder en útfiner († 1806) 1900 - Elizabeth Bowes-Lyon, Britsk Keninginne-Mem († 2002) 1901 - Louis Armstrong, Amerikaansk muzikant en sjonger († 1971) 1905 - Abeid Karume, Tanzaniaansk politikus († 1972) 1910 - William Cooper, Amerikaansk siler († 1968) 1928 - Wâtse Hiddema, Frysk dokter, bestjoerder en frisiast († 2011) 1928 - Frank Leyendekker, Frysk-Amerikaansk boer en hynsteman († 2022) 1933 - Rudi van Dantzig, Nederlânsk balletdûnser en koreograaf († 2012) 1934 - Rutger Kopland, Nederlânsk dichter en essayist († 2012) 1941 - Kaija Mustonen, Finsk reedrydster 1957 - Hilbert van der Duim, Frysk hurdrider 1945 - Joop Boomsma, Frysk skriuwer († 2018) 1961 - Barack Obama, presidint fan 'e Feriene Steaten 1964 - Jan Tekstra, Frysk sjonger, muzikant en komponist 1964 - Wout Zijlstra, Frysk krêftsporter 1997 - Zaya Cassidy, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn 1060 - kening Hindrik I fan Frankryk (* 1008) 1578 - kening Sebastiaan I fan Portegal (* 1554) 1630 - Elizabeth fan Oranje-Nassau, Nederlânsk ealfrouwe (* 1630) 1769 - Johann Hermann Knoop, Dútsk pomolooch en wittenskipper (* 1700) 1871 - Anne Frânses Jongstra, Frysk politikus (* 1808) 1873 - John Honsinger, Amerikaansk legerbistedokter (* 18??) 1875 - Hans Christian Andersen, Deensk mearkeskriuwer (* 1805) 1930 - Siegfried Wagner, Dútsk komponist (* 1869) 1955 - Jacob Nieweg, Frysk keunstskilder (* 1877) 1979 - Ivar Johansson, Sweedsk wrakseler (* 1903) 1986 - Willem Ruis, Nederlânsk presintator (* 1945) 1996 - Jikke Ozinga, hotelhâldster en markant Snitser (* 1906) 1997 - Jeanne-Louise Calment, Frânsk rekôrhâldster (âldste minske ea) (* 1875) 2003 - James Welch, Amerikaansk skriuwer (* 1940) 2006 - Steve Irwin, Australysk natoerfilmer en dieretúndirekteur (* 1962) 2009 - Roel Brandt Nederlânsk argeolooch en bestjoerder (* 1940) 2011 - Henk Alkema, Frysk komponist en muzykpedagooch (* 1944) 2021 - Paul Johnson, Amerikaansk DJ en muzykprodusint (* 1971)
Kategory:Datum 04