Foarfallen 1488 - De Portegeeske seefarder Bartolomeus Dias fart as earste Jeropeaan om Kaap de Goede Hoop (de súdpunt fan Afrika) hinne. 1909 - De Frânske piloat Louis Blériot fljocht as earste it Kanaal oer. 1945 - Winston Churchill ferliest tsjin 'e ferwachting yn de Britske ferkiezings. 1952 - It ferdrach oer de oprjochting fan 'e Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel giet yn. 1968 - Paus Paulus VI feroardielet yn syn (iennichste) ensyklyk Humanae Vitae alle meganyske en gemyske middels ta bertebeheining. 1980 - In treinbotsing by it Grinslânske Winsum easket njoggen libbens. 1992 - Iepening Olympyske Simmerspullen yn Barseloana. 2010 - In trein sjit jûns let by it stasjon Starum troch de stjitblokken hinne, rydt dwers troch in wettersportwinkel en stoppet 100 m fierder op in plein. Twa ûnderhâldslju reitsje ferwûne.

Berne 1109 - kening Alfûns I fan Portugal († 1185) 1336 - Albrecht fan Beieren, hartoch fan Beieren-Straubing, greve fan Hollân, Seelân en Henegouwen († 1404) 1818 - Johann Jakob von Tschudi, Switsersk biolooch († 1889) 1844 - Thomas Eakins, Amerikaansk keunstner († 1916) 1865 - Jac. P. Thijsse, Nederlânsk natoerbeskermer en publisist († 1945) 1887 - Carl-Friedrich von Langen, Dútsk baron en hynstesporter († 1934) 1898 - Fedde Schurer, Frysk dichter, sjoernalist en taalaktivist († 1968) 1905 - Elias Canetti, Bulgaarsk-Britsk skriuwer († 1994) 1939 - Sytze van der Zee, Nederlânsk sjoernalist en skriuwer († 2024) 1941 - Manny Charlton, Skotsk gitarist († 2022) 1945 - Joseph Delaney, Ingelsk skriuwer († 2022) 1968 - Jack de Vries, Frysk politikus 1970 - Billy Glide, Amerikaansk pornoakteur († 2014) 1976 - Tera Patrick, Amerikaansk pornoaktrise

Ferstoarn 306 - keizer Konstantius Kloarus fan it Romeinske Ryk (* 250) 1230 - boarchgreve Rudolf II fan Coevorden (* 1192) 1433 - Sibet Papinga, Eastfrysk haadling, hear fan Rjustringen (* 1394) 1471 - Tomas fan Kempen, Nederlânsk preester, skriuwer en mystikus (* 1380) 1846 - Loadewyk Napoleon Bonaparte, kening fan Hollân (* 1846) 1858 - Hobbe Baerdt fan Sminia, Frysk politikus (* 1797) 1890 - Hearke Tjerks Witteveen (Sterke Jerke), Frysk fjildwachter, legindarysk om syn krêft (* 1801) 1961 - Nescio (Jan Hendrik Frederik Grönloh), Nederlânsk skriuwer (* 1882) 1982 - Harold Foster, Amerikaansk striptekener (* 1892) 1999 - Helena Wanda Błażusiakówna, Twadde Wrâldkriich oerlibbende (* 1926) 2003 - Ludwig Bölkow, Dútsk loftfeartpionier (* 1912) 2010 - Henk Vonhoff, Nederlânsk politkus (* 1931) 2020 - Olivia de Havilland, Britsk-Amerikaansk aktrise (* 1916) 2021 - Tsjisse Hettema, Frysk skriuwer en dichter (* 1955)

Kategory:Datum 25