Foarfallen 1302 - Yn 'e Goudenspoareslach by Koartryk ferslane de Flamingen in Frânsk ridderleger. 1420 - Yn 'e Slach by Sleat behelje de Skieringers in wichtige oerwinning op 'e Fetkeapers. 1869 - Yn noardeastlik Kolorado fynt yn it ramt fan 'e Komantsjekampanje de Slach by Summit Springs plak. Dêrby wurde de militante Sjajinske Hûnskrigers troch it Amerikaanske Leger útskeakele as militêre macht fan betsjutting. 1995 - De Fal fan Srebrenica: Bosnyske Serven ûnder generaal Ratko Mladić nimme Srebrenica yn, in enklave fan 'e Bosnyske Moslims. Sa'n 8.400 foar it meastepart manlike ynwenners wurde ombrocht. Nederlânske militêren fan 'e FN-fredesmacht, dy't de Moslims beskermje moasten, dogge neat. 2007 - De Eastfryske politike partij Die Friesen wurdt oprjochte. 2010 - It Nederlânske fuotbalalvetal ferliest de finale fan it WK fuotbal yn Súd-Afrika yn 'e ferlinging mei 1-0. Spanje wurdt wrâldkampioen.
Berne 1274 - kening Robert I fan Skotlân (Robert de Bruce) († 1329) 1657 - kening Freark I fan Prusen († 1713) 1767 - John Quincy Adams, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1848) 1797 - Otto de Boer, Frysk keunstskilder († 1856) 1906 - Pieter Taekes van der Herberg, Frysk jurist en fersetsman († 1965) 1932 - Hans van Manen, Nederlânsk koreograaf († 2025) 1934 - Giorgio Armani, Italjaansk moade-ûntwerper († 2025) 1937 - Dolf de Vries, Nederlânske akteur en auteur fan reisboeken († 2020) 1939 - Seth Gaaikema, Nederlânsk kabaretier, musicalskriuwer en fertaler († 2014) 1945 - Roland Moreno, Frânsk wittenskipper († 2012) 1947 - Piter Boersma, Frysk skriuwer 1952 - Sippie Tigchelaar, Frysk reedrydster en ferslachjouster 1958 - Hugo Sánchez, Meksikaansk fuotballer 1973 - Devin DeRay, Amerikaansk pornoaktrise 1975 - Lil' Kim, Amerikaansk rapster
Ferstoarn 1649 - Susanna Shakespeare, Ingelsk húsfrou, dochter fan William Shakespeare (* 1583) 1844 - Jevgeni Baratynski, Russysk dichter (* 1800) 1869 - Lange Bolle (Tall Bull), opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen (* 1830) 1910 - Archip Kûindzji, Russysk keunstskilder (* 1841) 1920 - Eugénie fan Montijo, keizerinne-gemalinne fan Frankryk (* 1826) 1937 - Georg Gershwin, Amerikaansk komponist (* 1898) 1948 - John Anderson, Amerikaansk atleet (* 1907) 1989 - sir Laurence Olivier, Ingelsk akteur (* 1907) 1994 - Savannah, Amerikaansk pornoaktrise (* 1970) 2001 - Herman Brood, Nederlânsk sjonger (* 1946) 2004 - Haije Kramer, Frysk skaker (* 1917) 2007 - Lady Bird Johnson, Amerikaansk presidintsfrou (* 1912) 2011 - Tom Gehrels, Nederlânsk-Amerikaansk astronoom (* 1925 2012 - Rutger Kopland, Nederlânsk dichter en essayist (* 1934) 2024 - Shelley Duvall, Amerikaansk aktrise (* 1949)
Kategory:Datum 11