Foarfallen 1540 - Kening Hindrik VIII fan Ingelân lit syn houlik mei syn fjirde frou, Anna fan Kleef, neatich ferklearje. 1816 - Argentynje ferklearret him ûnôfhinklik fan Spanje. 1854 - Pieter Baukes Rijpma, Rients Doekles Yntema en Willem Klazes Boorsma winne yn Frjentsjer de 5e PC. 1868 - Súd-Karolina en Louisiana wurdt as 5e en 6e fan 'e yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fersleine Konfederearre steaten wer talitten ta de Amerikaanske Uny. 1922 - De Amerikaan Johnny Weissmuller swimt as earste minske ûnder de minút op 'e 100 m frije slach. 1945 - De Nederlânske minister fan Finânsjes, Piet Lieftinck, stelt de jildsuvering yn: foàr 14 july moatte alle bankbiljetten fan 100 gûne ynlevere wurde. 1960 - Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov driget de Feriene Steaten mei in kearnoarloch as it kommunistyske bewâld op Kuba oanfallen wurdt. 1982 - Coca Cola yntrodusearret Cola Light. 2002 - Trijeënfyftich Afrikaanske lannen ferienje harren yn 'e Afrikaanske Uny. 2005 - Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wint de achtste etappe fan de Tour de France. 2011 - Súd-Sûdan wurdt ûnôfhinklik fan Sûdan.

Berne 1764 - Ann Radcliffe, Ingelsk skriuwster († 1823) 1779 - Isabelle de Gélieu, Switsersk skriuwster en oersetster († 1834) 1819 - Elias Howe, Amerikaansk útfiner fan de naaimasine († 1867) 1832 - Albert Breunissen Troost, Nederlânsk arsjitekt († 1900) 1837 - Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt, Frysk jonkhear, aventuerier en socialite († 1900) 1838 - Philip Bliss, Amerikaansk hymneskriuwer († 1876) 1852 - Geertruida Christine Jentink, Frysk feministe en sjoernaliste († 1918) 1856 - Nikola Tesla, Servysk elektrotechnikus, natuerkundige en útfiner († 1943) 1858 - Franz Boas, Dútsk-Amerikaansk antropolooch († 1942) 1881 - Richard Hageman, Frysk-Amerikaansk konsertpianist, dirigint en filmmuzykkomponist († 1966) 1920 - Herre Halbertsma, Nederlânsk skiedkundige en argeolooch († 1998) 1923 - Joke Folmer, Nederlânsk fersetsstrider († 2022) 1928 - Federico Bahamontes, Spaansk hurdfytser († 2023) 1935 - Wim Duisenberg, Frysk ekonoom, politikus en bankier († 2005) 1945 - Dean Koontz, Amerikaansk skriuwer 1951 - Max van Weezel, Nederlânsk sjoernalist en politikolooch († 2019) 1954 - Renée de Haan, Nederlânsk sjongster († 2016) 1957 - Jurjen van der Meer, Frysk (tekst)skriuwer en ûnderwizer 1957 - Todd Lockwood, Amerikaansk yllustrator 1969 - Gert-Jan Segers, Nederlânsk politikus en skriuwer 1976 - Cecilia Grout, Russysk pornoaktrise 1976 - Jochem Uytdehaage, Nederlânsk hurdrider 1977 - Simone Horvath, Hongaarsk pornoaktrise 1981 - Nyomi Marcela, Amerikaansk pornoaktrise 1983 - Ben Saunders, Ingelsk sjonger († 2026)

Ferstoarn 1228 - Stephen Langton, Ingelsk teolooch (* ±1150) 1386 - hartoch Leopold III fan Eastenryk (* 1351) 1553 - karfoarst Maurits fan Saksen (* 1521) 1654 - keizer Ferdinand IV fan it Hillige Roomske Ryk (* 1633) 1797 - Edmund Burke, Iersk filosoof en politikus (* 1729) 1892 - Binne Bolleman van der Veen, Frysk predikant en skriuwer (* 1818) 1932 - King Camp Gillette, Amerikaanske útfiner fan it skearmeske (* 1855) 1944 - Sjouke van der Kooi, Frysk ûnderwizer en kenner fan it Hylpersk (* 1851) 1949 - Gerrit Knop, Skylger skriuwer, dichter en taalkundige (* 1873) 1974 - James Bausch, Amerikaansk mearkamper (* 1906) 1980 - Norris Graham, Amerikaansk roeier (* 1906) 2001 - Arie van Vliet, Nederlânsk baanhurdfytser (* 1916) 2005 - Evgeny Grisjin, Russysk reedrider (* 1931) 2022 - Gerrit Hensens, Nederlânsk politikus (* 1930)

Kategory:Datum 09