Foarfallen 1566 - Nostradamus wurdt moarns dea oantroffen nei't er de deis tefoaren syn ferstjerren foarsein hie. 1600 - Yn 'e Slach by Nijpoart ferslacht in Steatsk leger ûnder lieding fan 'e Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau in Spaanske troepemacht ûnder Albertus fan Eastenryk. 1729 - De ôfsluting fan it Dokkumer Djip is klear. 1747 - Slach by Lafelt (Riemst) tusken Frankryk en de Eastenrykske Nederlannen. 1881 - Presidint James Garfield fan de VS wurdt delsketten troch Charles J. Guiteau. 1900 - Greve Ferdinand fan Zeppelin makket syn earste proefflecht mei in loftskip. 1937 - De Amerikaanske piloate Amelia Earhart ferdwynt boppe de Stille Oseaan as se besiket de om de wrâld te fleanen. 1990 - 1426 pylgers kommme om yn in fuotgongerstunnel nei Mekka. 1998 - Marianne van der E wurdt foar moard feroardield. 2002 - Steve Fossett is de earste dy't allinne, en sûnder tuskenlannings om de wrâld fart yn in loftballon. 2005 - It Live 8-konsert wurdt holden op 10 plakken op de wrâld om de G8 te freegjen in ein oan 'e earmoede te meitsjen.

Berne 419 - keizer Falentinianus III fan it Romeinske Ryk († 455) 1739 - Matthias Friese, Dútsk oargenist en oargelbouwer († 1786) 1869 - Hjalmar Söderberg, Sweedsk skriuwer, dichter, toanielskriuwer en sjoernalist († 1941) 1881 - Jetze Doorman, Frysk skermer († 1931) 1894 - Carlo Galimberti, Italjaansk gewichtheffer († 1939) 1899 - Frans Sijtsma, Frysk politikus († 1994) 1903 - kening Olaf V fan Noarwegen († 1991) 1905 - George Stam, Nederlânsk oargelist, komponist en publisist († 1995) 1906 - Károly Kárpáti, Hongaarsk wrakselder († 1996) 1907 - Eppo Doeve, Nederlânsk keunstskilder en boekbânûntwerper († 1981) 1907 - Co Stelma, Nederlânsk turnster († 1987) 1918 - Klaas Sierksma, Frysk heraldikus († 2007) 1923 - Wisława Szymborska, Poalsk dichteresse († 2012) 1924 - Freark Dam, Frysk sjoernalist, oersetter en dichter († 2002) 1925 - Els Perdok, Skiermûntseager wurdboekgearstalster en dichteresse († 2017) 1925 - Herman Wigbold, Nederlânsk sjoernalist († 1998) 1950 - Agneta Eckemyr, Sweedsk aktrise, model en moade-ûntwerpster († 2018) 1959 - Erwin Olaf, Nederlânsk fotograaf († 2023) 1963 - Mark Kermode, Ingelsk filmkritikus en muzikant 1976 - Erin Burnett, Amerikaansk sjoernaliste en presintatrise

Ferstoarn 1298 - Adolf I fan Nassau, Roomsk-kening fan it Hillige Roomske Ryk (* 1250) 1633 - Trijntje Keever, Nederlânsk rekôrhâldster (langste frou) (* 1616) 1778 - Jean-Jacques Rousseau, Switsersk-Frânsk filosoof, skriuwer en komponist (* 1712) 1861 - P.A. de Génestet, Nederlânsk dichter en teolooch (* 1829) 1937 - Amelia Earhart, Amerikaansk loftfeartpionier (* 1897) 1943 - Lea Nordheim, Nederlânsk turnster (* 1903) 1961 - Ernest Hemingway, Amerikaansk skriuwer en Nobelpriiswinner (* 1899) 1963 - Lisa Tetzner, Dútsk berneboekeskriuwster (* 1894) 1996 - Gerhard Durlacher, Nederlânsk skriuwer (* 1928) 1997 - Suze Boschma-Berkhout, Nederlânsk byldhouster (* 1922) 1997 - James Stewart, Amerikaansk akteur (* 1908) 1997 - Suze Boschma-Berkhout, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1922) 1999 - Mario Puzo, Amerikaansk skriuwer (* 1920) 2008 - Chris Arlman, Nederlânsk politikus (* 1944) 2016 - Sascha Alexander (Hans Moser), Dútsk neakenfotograaf, útjouwer en pornoprodusint (* 1944) 2016 - Elie Wiesel, Joadsk-Amerikaansk skriuwer (* 1928) 2016 - Renée de Haan, Nederlânsk sjongster (* 1954) 2024 - Wim Hazeu, Nederlânsk skriuwer (* 1940)

Kategory:Datum 02