Foarfallen 1128 - Konrad III wurd as Lombardyske kening fan Itaalje kroand. 1252 - Yn de Slach by Oldenswort wurdt de Deenske kening Abel troch de Noard-Friezen ferslein en deade. 1782 - Mei 30 graden Selsius, mjitten yn Utert, is dit de waarmste dei fan it jier. 1851 - Troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke yn Nederlân wurde yn Fryslân alle gritenijen omfoarme ta gemeenten. 1880 - Kening Pōmare V fan Tahity docht ôfstân fan 'e troan en fermakket it Keninkryk Tahity oan Frankryk. It gebiet wurdt fan no ôf oan in Frânske koloanje. 1904 - Yn Drinte wurde twa prehistoaryske feanliken fûn: it pear fan Weardinge. 1905 - Tennisferiening De Vliegende Bal út Snits wurdt oprjochte. 1913 - Henri Desgrange fiert de giele trui yn by de Tour de France. 1920 - By Den Oever wurdt de earste bak sân yn see stoarten foar de Amsteldjipdyk nei Wieringen ta. Dit kin sjoen wurde as tarieding foar de Ofslútdyk. 1929 - Yn gebrûknimmen fan de earste wyntunnel, yn Langly Field yn Kalifornje. 1956 - Marilyn Monroe trout mei de skriuwer Arthur Miller. 1976 - oprjochting Fuotbalferiening Tsjom 2010 - De film It Skaad fan Bonifatius yn it Aldfrysk giet yn premiêre.

Berne 1397 - kening Jehan II fan Aragon († 1479) 1482 - Marije fan Aragon, keninginne-gemalinne fan Portegal († 1517) 1540 - doña Ana de Mendoza, prinsesse fan Éboli, Spaansk ealfrouwe en politika († 1592) 1806 - Tjeerd Andringa, Frysk keunstskilder († 1827) 1849 - George D. Wallace, Amerikaansk militêr († 1890) 1858 - Eelco Schaafsma, Frysk politikus († 1914) 1863 - Sije Laverman, Frysk skriuwer († 1919) 1887 - Geertje Roelinga-De Groot, Aldste persoan fan Nederlân († 1997) 1900 - Antoine de Saint-Exupéry, Frânsk skriuwer († 1944) 1904 - Allie Morrison, Amerikaansk wrakselder († 1966) 1911 - Bernhard fan Lippe-Biesterfeld, Nederlânsk prins-gemaal († 2004) 1913 - Earle Meadows, Amerikaansk heechljepper († 1992) 1933 - Reinder van der Leest, Frysk skriuwer 1939 - Sante Gaiardoni, Italjaansk hurdfytser († 2023) 1942 - Bas van der Vlies, Nederlânsk politikus út namme fan de SGP († 2021) 1950 - Michael Whelan, Amerikaansk boekbânûntwerper en yllustrator 1951 - Alex Brenninkmeijer, Nederlânsk jurist en Nasjonale Ombudsman († 2022) 1956 - Ale S. van Zandbergen, Frysk skriuwer 1972 - Rosa Caracciolo, Hongaarsk-Italjaansk pornoaktrise 1990 - Laura Macrì, Italjaansk sjongeres

Ferstoarn 1059 - hartoch Bernard II fan Saksen (* nei 990) 1252 - kening Abel fan Denemark (* 1218) 1875 - keizer Ferdinand I fan Eastenryk (* 1793) 1947 - Orla Jørgensen, Deensk hurdfytser (* 1904) 1977 - György Kutasi, Hongaarsk wetterpoloër (* 1910) 1982 - Masaharu Taguchi, Japansk swimmer (* 1916) 1984 - Henri Fabre, Frânsk yngenieur en loftfeartpionier (* 1882) 1985 - Jan Oppedijk, Frysk politikus (* 1892) 1995 - Sicco Mansholt, Nederlânsk boer en politikus (* 1908) 2000 - Coen Flink, Nederlânsk akteur (* 1932) 2002 - Sikke Doele, Frysk skriuwer en dichter (* 1942) 2003 - Katharine Hepburn, Amerikaansk aktrise (* 1907) 2008 - Frédéric Bastet, Nederlânsk argeolooch en skriuwer (* 1926) 2012 - Jan de Soet, Nederlânsk bestjoerder, topman fan de KLM (* 1925) 2016 - Jan Hettema, Frysk-Súdafrikaansk hurdfytser (* 1933) 2017 - Bert Swart, Nederlânsk politikus (* 1956) 2020 - Carl Reiner, Amerikaansk akteur en presintator (* 1922) 2024 - Jacqueline de Jong, Nederlânsk keunstnaresse (* 1939) 2024 - Lalla Latifa Hammou, oarehelte fan Hassan II fan Marokko (* 1946)

Kategory:Datum 29