Foarfallen 992 - Slach by Conquereuil. Fulko II fan Anzjû ferslaat en deadet Konan I fan Bretanje. 1033 - Sinnefertsjustering oer Jeropa. 1358 - Mei it Ferdrach fan Zadar wurde de fijannichheden tusken it Keninkryk Hongarije en de Republyk Feneesje beëinige. Feneesje moat oan 'e súdlike Dalmatyske kust gebiet ôfstean wêrút de Republyk Ragûsa oprjochte wurdt as fazalsteat fan Hongarije. 1844 - Yn Illinois wurde Joseph Smith, lieder en stifter fan de Mormonen en syn broer wurde troch tsjinstanners fermoarde. 1905 - Oproer op de Russyske pânserkruser Potemkin. 1938 - Fleanfjild Ljouwert wurdt iepene. 1960 - Synteze fan glorofyl troch Robert Woodward. 1977 - Dzjibûty wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.

Berne 1462 - kening Loadewyk XII fan Frankryk († 1515) 1550 - kening Karel IX fan Frankryk († 1574) 1717 - Georgius Coopmans, Frysk dokter en heechlearaar († 1800) 1808 - E.J. Potgieter, Nederlânsk skriuwer († 1875) 1859 - Mildred Hill, Amerikaansk komponiste (fan Happy Birthday) († 1916) 1890 - Frank Fools Crow, Amerikaansk aktivist en Yndiaansk medisynman († 1989) (mooglik berne op 24 juny) 1918 - Adolph Kiefer, Amerikaansk swimmer († 2017) 1931 - Martinus Veltman, Nederlânsk natuerkundige en Nobelpriiswinner († 2021) 1943 - Harm Ottenbros, Nederlânsk hurdfytser († 2022) 1967 - Wilfred Genee, Frysk sportferslachjouwer 1976 - Gabriella Blicq, Hongaarsk model en pornoaktrise 1986 - Annouk van der Weijden, Nederlânsk reedrydster 1992 - Sophie Hijlkema, Frysk radio-dj

Ferstoarn 1224 - Olivier fan Keulen, Dútsk kanunnik en krúsfeartpreker (* ±1170) 1296 - greve Floaris V fan Hollân (* 1254) 1636 - Lambert Jacobsz., Nederlânsk dûmny en skilder (* ±1598) 1844 - Joseph Smith, Amerikaansk profeet en stifter fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen (* 1805) 1916 - Thomas Eakins, Amerikaansk keunstner (* 1844) 1969 - Gerben van Manen, arsjitekt en mei-oprjochter fan de SKS (* 1884) 1991 - Klaas Bruinsma, Nederlânske krimineel (* 1953) 1991 - Molly Geertsema, Nederlânsk politikus (* 1918) 1995 - Nida Senff, Nederlânsk swimster (* 1920) 2004 - Fred Ramdat Misier, Surinaamsk politikus (* 1926) 2015 - Boris Sjilkov, Russysk reedrider (* 1927) 2016 - Bud Spencer, Italjaansk akteur en swimmer (* 1929)

Kategory:Datum 27