Foarfallen 1321 - Earstestienlizzing fan 'e Dom fan Utert. 1492 - Antoine de Ville, in Frânsk ofsier, beklimt yn opdracht fan kening Karel VIII de Mont Aiguille, in berch yn Frankryk. Dit wurdt algemien beskôge as de berte fan it alpinisme. 1657 - Mei de oanname fan 'e saneamde Tender of Union giet it Keninkryk Skotlân formeel op yn it Protektoraat, dat al bestiet út Ingelân, Wales, Ierlân en Man. Hjirmei ûntstiet foar it earst in steatsferbân dat de hiele arsjipel fan 'e Britske Eilannen omfiemet. 1945 - It hânfêst fan 'e Feriene Naasjes wurdt ûndertekene. 1946 - Fuotbalferiening Harkemase Boys wurdt oprjochte. 1960 - Madagaskar wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 1963 - De Amerikaanske presidint John F. Kennedy hâldt yn Berlyn in taspraak dy't ferneamd wurdt om 'e útspraak Ich bin ein Berliner. 1974 - Ynfiering fan 'e Universal Product Code, yn 'e foarm fan de bekende streekjeskoades. 1997 - De Ingelske skriuwster J.K. Rowling publisearret de roman Harry Potter and the Philosopher's Stone, it earste diel fan har Harry Potter-rige. 2002 - It earste Iepen Frysk Kampioenskip Klompkesilen (IFKK) wurdt holden yn Heech.
Berne 1694 - Georg Brandt, Sweedske skiekundige († 1768) 1795 - Hessel Brandenburgh, Frysk boekdrukker-útjouwer († 1880) 1801 - Rein Baukes Windsma, Frysk skoalmaster en dichter († 1862) 1847 - Marcus van Heloma, Frysk rjochter en bestjoerder († 1922) 1871 - Johan Anker, Noarsk siler († 1940) 1898 - Willi Messerschmitt, Dútsk fleantúchûntwerper († 1978) 1898 - Chesty Puller, Amerikaansk militêr († 1971) 1908 - Salvador Allende, presidint fan Sily († 1973) 1911 - Babe Zaharias, Amerikaansk atlete († 1956) 1919 - André Hissink, Nederlânsk kriichsfeteraan († 2024) 1921 - Jan Willem Bezemer, Nederlânsk heechlearaar Russyske skiednis († 2000) 1922 - Eleanor Parker, Amerikaansk aktrise († 2013) 1923 - Frans Tutuhatunewa, Súd-Moluksk presidint yn ballingskip († 2016) 1936 - Haye Thomas, Nederlânsk sjoernalist en ferslachjouwer († 1996) 1943 - Foppe de Haan, Frysk fuotbaltrener 1959 - Albert Metselaar, Drintsk histoarikus en dichter 1961 - Greg LeMond, Amerikaansk hurdfytser 1962 - Steven de Jong, Frysk regisseur en filmprodusint 2005 - Alexia fan Oranje-Nassau, Nederlânsk prinsesse
Ferstoarn 363 - keizer Julianus Apostata fan it Romeinske Ryk (* 331) 1541 - Francisco Pizarro, Spaansk conquistador (* 1476) 1810 - Joseph Michel Montgolfier, útfiner fan de loftballon (* 1740) 1830 - kening George IV fan it Feriene Keninkryk (* 1762) 1867 - kening Otto I fan Grikelân (* 1815) 1939 - Ford Madox Ford, Ingelsk skriuwer, dichter, kritikus en redakteur (* 1873) 1955 - Leslie Hammond, Ingelsk hockeyer (* 1905) 1959 - Kurt Moeschter, Dútsk roeier (* 1903) 1963 - Obe Postma, Frysk dichter (* 1868) 1964 - Gerrit Rietveld, Nederlânsk arsjitekt en meubelûntwerper (* 1880) 1990 - Klaas van Dijk, Nederlânsk byldhouwer en keunstskilder (* 1913) 1990 - Myra Ward, Nederlânsk aktrise (* 1916) 1990 - Johan Mulder, Frysk politikus (* 1920) 1993 - Willy van Hemert, Nederlânsk regisseur (* 1912) 1996 - Veronica Guerin, Iersk sjoernaliste (* 1958) 2011 - Klaske Folmer, Frysk foardrachtskeunstneresse (* 1926) 2018 - Klaas Hendrikse, Nederlânsk predikant (* 1947) 2020 - Bernhard van Haersma Buma, Nederlânsk politikus (* 1932)
Bisten 2013 - Kian, ferneamde fokbolle (* 1997)
Kategory:Datum 26