De echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Sigmodontinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dy't mei twa oare ûnderfamyljes de ynformele groep fan 'e mûzen en rotten fan de Nije Wrâld foarmet. Foarhinne waarden dy oare beide ûnderfamyljes, de klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyinae) en de Noardamerikaanske rotten en mûzen (Neotominae), gewoan ta de echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld rekkene, mar tsjintwurdich is men fan tinken dat de ferdieling yn trije ûnderfamyljes de ekstreme diversiteit fan dizze groep better ta syn rjocht komme lit.
De echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld besteane út rom 375 ûnderskate soarten, dy't oer hast de hiele Nije Wrâld ferspraat libje, mar fral konsintrearre binne yn Súd-Amearika. Dêr bedarren se as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling, oan 'e ein fan it Mioseen, likernôch 5 miljoen jier lyn, doe't de lânbrêge fan Midden-Amearika foar it earst de beide kontininten fan Noard- en Súd-Amearika mei-inoar ferbûn. De echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld ferfolje deselde ekologyske nyssen dy't de mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) yn Jeraazje en Afrika ferfolje.
Underfamylje-opbou
ûnderfamylje echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Galapagosreuzerotten (Megaoryzomys): 1 soarte † skaai juliomûzen (Juliomys): 3 soarten tûke akodonten (Akodontini) skaai Andeaanske rotten (Lenoxus): 1 soarte skaai bolomûzen (Necromys): 9 soarten skaai Brazyljaanske pipermûsrotten (Blarinomys): 1 soarte skaai brûsys (Brucepattersonius): 7 soarten skaai graafmûzen (Oxymycterus): 17 soarten skaai karmozynnoasrotten (Bibimys): 3 soarten skaai kempgersmûzen of Kemps gersmûzen (Deltamys): 1 soarte skaai reuzerotten (Kunsia): 2 soarten skaai Roraimamûzen (Podoxymys): 1 soarte skaai serradomûzen (Thalpomys): 2 soarten (de serrado is in soarte fan tropyske savanne yn Brazylje) skaai somprotten fan de Nije Wrâld (Scapteromys): 2 soarten skaai Súdamerikaanske gersmûzen (Akodon): 43 soarten skaai Súdamerikaanske ierdmûzen (Juscelinomys): 3 soarten skaai swarte gersmûzen (Thaptomys): 1 soarte tûke blêdearmûzen (Phyllotini) skaai Andeaanske blêdearmûzen (Phyllotis): 14 soarten skaai Andeaanske mûzen (Andinomys): 1 soarte skaai Andeaanske somprotten (Neotomys): 1 soarte skaai fespermûzen (Calomys): 14 soarten skaai garleppmûzen of Garlepps mûzen (Galenomys): 1 soarte skaai grutearmûzen (Auliscomys): 3 soarten skaai Ichthyurodon: 1 soarte † skaai knynrotten (Reithrodon): 2 soarten skaai leechlânblêdearmûzen (Graomys): 4 soarten skaai oaljefantsearmûzen (Loxodontomys): 2 soarten skaai Olympicomys: 1 soarte † skaai Punamûzen (Punomys): 2 soarte skaai sâltflaktemûzen (Salinomys): 1 soarte skaai sidehierrige woastynmûzen (Eligmodontia): 6 soarten skaai Sileenske rotten (Irenomys): 1 soarte skaai Tafimys: 1 soarte † skaai tapekûa's (Tapecomys): 1 soarte primordial tapecua skaai Tsjakomûzen (Andalgalomys): 3 soarten skaai tsjintsjillamûzen (Euneomys): 4 soarten skaai tsjintsjillamûzen fan de Altiplano (Chinchillula): 1 soarte tûke braaklân-, klim- en beammûzen (Thomasomyini) skaai Atlantyske wâldmûzen (Delomys): 3 soarten skaai beammûzen fan de Nije Wrâld (Rhagomys): 2 soarten skaai berchmûzen (Aepeomys): 2 soarten skaai braaklânmûzen (Thomasomys): 37 soarten skaai klimmûzen fan de Nije Wrâld (Rhipidomys): 18 soarten skaai Kolombiaanske wâldmûzen (Chilomys): 1 soarte skaai Rio de Sjanêrobeamrotten (Phaenomys): 1 soarte skaai ruschirotten of Ruschi's rotten (Abrawayaomys): 1 soarte skaai wilfredmûzen of Wilfreds mûzen (Wilfredomys): 1 soarte tûke fiskrotten (Ichthyomyini) skaai Ekwadorfiskrotten (Anotomys): 1 soarte skaai fiskrotten (Neusticomys): 6 soarten skaai krabberotten (Ichthyomys): 4 soarten skaai Middenamerikaanske wettermûzen (Rheomys): 4 soarten skaai Súdamerikaanske wettermûzen (Chibchanomys): 2 soarten tûke gersmûzen en langklaumûzen (Abrotrichini) skaai edwardlangklaumûzen of Edwards langklaumûzen (Notiomys): 1 soarte skaai gersmûzen (Abrothrix): 8 soarten skaai langklau-ierdmûzen (Geoxus): 1 soarte skaai langklaumûzen (Chelemys): 3 soarten skaai pearsonlangklaumûzen of Pearsons langklaumûzen (Pearsonomys): 1 soarte tûke katoenrotten (Sigmodontini) skaai katoenrotten (Sigmodon): 14 soarten tûke readnoasmûzen (Wiedomyini) skaai Cholomys: 1 soarte † skaai readnoasmûzen (Wiedomys): 2 soarten tûke rysrotten (Oryzomyini) skaai Atlantyske rysrotten (Drymoreomys): 1 soarte skaai beamrysrotten (Oecomys): 16 soarten skaai brasiliamûzen of Brasilia's mûzen (Microakodontomys): 1 soarte skaai dizerysrotten (Nephelomys): 12 soarten skaai dwerchrysrotten (Oligoryzomys): 18 soarten skaai echte rysrotten of rysrotten (Oryzomys): 8 soarten skaai Ekwador- en Galapagosrysrotten (Aegialomys): 2 soarten skaai Galapagosmûzen (Nesoryzomys): 4 soarten skaai grize rysrotten (Eremoryzomys): 1 soarte skaai hammondrysrotten of Hammonds rysrotten (Mindomys): 1 soarte skaai langsnorhierrige rysrotten (Transandinomys): 2 soarten skaai lytse rysrotten (Microryzomys): 2 soarten skaai lundamfibyrotten of Lunds amfibyrotten (Lundomys): 1 soarte skaai Middenamerikaanske rysrotten (Handleyomys): 8 soarten skaai moerasrotten (Holochilus): 3 soarten skaai Perûviaanske rysrotten (Oreoryzomys): 1 soarte skaai reidmûzen (Zygodontomys): 2 soarten skaai reinwâldrysrotten (Hylaeamys): 7 soarten skaai reuzerysrotten (Megalomys): 4 soarten † skaai rottekoprysrotten (Sooretamys): 1 soarte skaai rûchhierrige mûzen (Neacomys): 8 soarten skaai serradorysrotten (Cerradomys): 6 soarten (de serrado is in soarte fan tropyske savanne yn Brazylje) skaai stikelmûzen fan de Nije Wrâld (Scolomys): 2 soarten skaai Súdamerikaanske wetterrotten (Nectomys): 5 soarten skaai swarte rysrotten (Melanomys): 3 soarten skaai Ucayaliwetterrotten (Amphinectomys): 1 soarte skaai ûnechte rysrotten (Pseudoryzomys): 1 soarte skaai vespuccikjifdieren of Vespucci's kjifdieren (Noronhomys): 1 soarte † skaai wetterrysrotten (Sigmodontomys): 2 soarten skaai wiid fersprate riisrotten (Euryoryzomys): 6 soarten
Kategory:Wrotmûseftige