De Noardamerikaanske mûzen en rotten (wittenskiplike namme: Neotominae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dy't mei twa oare ûnderfamyljes de ynformele groep fan 'e mûzen en rotten fan de Nije Wrâld opmakket. Foarhinne waarden de Noardamerikaanske mûzen en rotten wol ûnderbrocht by de mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae), mar tsjintwurdich is de selsstannigens fan dizze ûnderfamylje algemien akseptearre. De Noardamerikaanske mûzen en rotten foarmje ien fan 'e lytsere ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, mei yn totaal 126 soarten.
Underfamylje-opbou
ûnderfamylje Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) tûke Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomyini) skaai Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomys): 2 soarten skaai brune mûzen (Scotinomys): 2 soarten tûke goudmûzen (Ochrotomyini) skaai goudmûzen (Ochrotomys): 1 soarte tûke Amerikaanske hamsterrotten (Neotomini) skaai allenwoastynhamsterrotten of Allens hamsterrotten (Hodomys): 1 soarte skaai dwerchwoastynhamsterrotten (Nelsonia): 2 soarten skaai Galushamys † skaai echte hamsterrotten (Neotoma): 22 soarten skaai magdalenarotten (Xenomys): 1 soarte skaai Repomys † tûke hartemûzen (Reithrodontomyini) skaai Bensonomys † skaai Cimarronomys † skaai Floaridamûzen (Podomys): 1 soarte skaai Jacobsomys † skaai lâningterotten (Isthmomys): 2 soarten skaai Meksikaanske fulkaanmûzen (Neotomodon): 1 soarte skaai Misjoäkaanske hartemûzen (Osgoodomys): 1 soarte skaai nôtmûzen fan de Nije Wrâld (Reithrodontomys): 22 soarten skaai reuzehartemûzen (Megadontomys): 3 soarten skaai Symmetrodontomys † skaai sprinkhoannemûzen (Onychomys): 3 soarten skaai ûnechte hartemûzen (Habromys): 7 soarten skaai wytpoatmûzen of echte hartemûzen (Peromyscus): 55 soarten
Kategory:Wrotmûseftige