De kaktusmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus eremicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke komt foar yn 'e súdwestlike dielen fan 'e Feriene Steaten en it noarden fan Meksiko. De kaktusmûs is in omnivoar nachtdier, dat by gebrek oan fretten yn sawol winter as simmer yn in steat fan torpor (swiere sliep) giet om te oerlibjen. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Taksonomy De kaktusmûs waard yn 1858 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Spencer Fullerton Baird.
Fersprieding De kaktusmûs komt foar yn it súdwesten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, spesifyk yn 'e Transpecos fan West-Teksas, sintraal, súdlik en súdwestlik Nij-Meksiko en de súdlike helte en it noardwestlike fearn fan Arizona, útsein it diel fan dy steat dat benoarden de Grand Canyon leit. Der is in isolearre populaasje yn súdlik sintraal Nevada mei úrinners nei it uterste súdwesten fan Utah en de Sierra Nevada fan Kalifornje. Yn Meksiko libbet de kaktusmûs by de eastkust fan 'e Golf fan Kalifornje lâns en teffens yn it noardlike part fan it Heechlân fan Meksiko.
Ta it ferspriedingsgebiet fan 'e kaktusmûs hearre guon fan 'e drûchste kontreien fan Noard-Amearika, wêrûnder de Mojavewoastyn fan súdeastlik Kalifornje, de Sonoarawoastyn fan noardwestlik Meksiko en súdwestlik Arizona en in diel fan 'e Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn súdlik Nevada. Oan 'e noardkant liket syn areaal begrinzge te wurden troch omleech geande temperatueren en it dêrmei ferbân hâldende ûntbrekken fan meskiit-beammen fan it skaai Prosopis (yn it bysûnder Prosopis juliflora), dêr't de kaktusmûs sterk fan ôfhinklik is.
Uterlike skaaimerken De kaktusmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7,2–10,0 sm, mei in sturtlingte fan 8,4–12,0 sm en in gewicht fan 18–40 g. De efterpoatsjes mjitte 1,8–2,2 sm en de tinne en hast ûnbehierre earkes binne 1,3–2,0 sm lang. Sawol de earen as de eagen binne grut yn ferhâlding ta de kop. De snút rint op in punt ta. Der bestiet yn dizze soarte seksuele dimorfy: de wyfkes binne justjes swierder as de mantsjes, mar oansjenlik mânsker fan postuer, mei langere earen en in bredere kop. De pels is sêft en lang, mei op 'e rêch in kleur dy't útinoar rinne kin fan oker oant bêzje, wylst de bealch witich is en de kop boppe-op in grizich plak hat. Wyfkes binne yn 'e regel wat bleker fan kleur as mantsjes, en jongen hawwe in grizere pels.
De fersprieding fan 'e kaktusmûs oerlapet dy fan teminsten sân oare soarten wytpoatmûzen, te witten: de boarstelwytpoatmûs (Peromyscus crinitus), Eva's woastynmûs (P. eva), Gambels hartemûs (P. gambelii), de Kalifornyske mûs (P. californicus), de meskiitmûs (P. merriami), de Noardnederkalifornyske hartemûs (P. fraterculus) en de westlike hartemûs (P. sonoriensis). Dy bistkes lykje allegearre gâns opinoar, mar kaktusmûzen ken men werom oan 'e keale soallen fan 'e efterpoaten en de hast keale sturt dy't likernôch like lang is as de kop-romplingte. De wyfkes hawwe 2 pear oeren ynstee fan 3 pear, sa't de measte soarten mûzen en rotten (Muroidea spp.) hawwe.
Biotoop Kaktusmûzen jouwe de foarkar oan drûge biotopen yn woastinen, op steppes en yn it heuvelich foarlân fan berchtmen. Har habitat kin begroeid wêze mei fersille strewelleguod, mar se komme ek foar yn rotsige of sânige kriten sûnder neamenswurdige fegetaasje. Op guon plakken libje se ek yn nullewâlden. Wat hichte oangiet, libje kaktusmûzen op 35–2.130 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen Deistige aktiviteiten Kaktusmûzen libje, útsein yn 'e peartiid, solitêr. Se bringe de dei foar it meastepart troch yn in nêst, dat ornaris makke is fan alderhanne plantaardich materiaal yn in beamholte of in ûndergrûnske hoale. De kaktusmûs is gauris krepuskulêr aktyf (d.w.s. yn 'e jûnsskimer en by moarnsdage), en soms komt er sels middeis by ljochtskyndei al op 'e lapen, mar eins is it in nachtdier. Sels by ljochtmoanne is er ornaris al minder aktyf.
Kaktusmûzen binne skou en naaie by de minste of geringste fersteuring út, wat foar sokke bistkes in treflike oerlibbingsstrategy is. Wannear't se oppakt wurde troch in minske, bite se mar komselden. As se bang binne, fokalisearje se mei in heechtoanich piipjend lûd. By ûndersiken yn in laboratoariumsitewaasje is de topfaasje fan kaktusmûzen by it draven fêststeld op 13,1 km/h. Se fêstigje territoaria, wêrby't de territoaria fan bisten fan it tsjinstelde geslacht inoar oerlaapje, mar dy fan bisten fan itselde geslacht net. Yn ferhâlding ta oare soarten wytpoatmûzen hawwe kaktusmûzen in leger metabolisme, wat in oanpassing oan drûgere habitats liket te wêzen.
Wannear't in kaktusmûs by 't winter of by 't simmer troch kjeld of hjittens gjin fretten mear fine kin, rekket er wei yn in torpor. Dat is in djippe sliepeftige tastân dy't net alhiel itselde is as in wintersliep of in simmersliep, mar wol de ferbrâning fan enerzjy safolle mooglik beheint. As it kâlder is as 15 °C, hawwe kaktusmûzen muoite om yn torpor te kommen. Mammalogen binne fan tinken dat dat alteast foar in diel ferklearret wêrom't se net yn noardliker kontreien foarkomme. Yn it laboratoarium is waarnommen hoe't torpor ynsette kin binnen in healoere nei't in eksimplaar gjin iten mear krige. As kaktusmûzen útdrûge reitsje troch gebrek oan drinken, begjinne se minder te iten om it wetter te behâlden dat se oars foar de spiisfertarring brûke soene.
Fuortplanting De pearingswizânsjes fan 'e kaktusmûs binne anno 2021 noch net yngeand bestudearre, mar kinne foar in diel ôflaat wurde fan it hâlden en dragen fan oare, nau besibbe soarten wytpoatmûzen. Sa wurdt op basis dêrfan oannommen dat de bistkes promisku binne, wat sizze wol dat sawol mantsjes as wyfkes mei ferskate partners pearje. De kaktusmûs hat gjin spesifike peartiid en de fuortplanting fynt it hiele jier rûn plak, hoewol't der in dúdlike taname bestiet yn 'e waarmere moannen fan it simmerhealjier.
De draachtiid duorret sa'n 21 dagen. Wyfkes kinne oant 3 nêsten jongen yn 't jier smite, dy't elts út 5–8 jongen besteane. As se te wrâld komme, weagje kaktusmûzen likernôch 21/2 g en binne se blyn en keal mei in rôze hûd. De eachjes geane mei 10–17 dagen iepen en mei likernôch 14 dagen is de pels yngroeid. Neffens ien stúdzje waarden de jongen mei 22 dagen ôfwûn en neffens in oarenien pas mei 44 dagen. De wyfkes binne mei likernôch 2 moannen geslachtsryp, mar mei hokker âldens de mantsjes geslachtsryp binne, is noch ûnbekend.
Fretten It dieet fan 'e kaktusmûs bestiet út sieden, de fruchten fan meskiit- en nettelbeammen, griene plantedielen en ynsekten. Winterdeis, as de plantegroei hohâldt, wurde der mear ynsekten fretten, wylst by 't maityd sieden en blommen op it menu steane. Simmerdeis frette kaktusmûzen benammen griene plantedielen en ynsekten, en hjerstmis geane se nei in perioade fan fruchtefretten stadichoan wer oer op it winterdieet.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e kaktusmûs binne slangen lykas de prêrjerattelslang (Crotalus viridis), de swarte rattelslang (Crotalus cerberus) en de Grutte-Dobberattelslang (Crotalus lutosus); ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata) en de westlike krytûle (Megascops kennicottii); en martereftigen lykas de langsturtwezeling (Neogale frenata) en de sulverdas (Taxidea taxus).
By oare rôfdieren dy't gefaarlik foar de kaktusmûs wêze kinne, giet it om stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis), it westlik bûnt stjonkdier (Spilogale gracilis) en it Amerikaansk bargesnútstjonkdier (Conepatus leuconotus); hûneftigen lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis) en de grize foks (Urocyon cinereoargenteus); kateftigen lykas de reade lynks (Lynx rufus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus); en oare lytse rôfdieren, lykas de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus).
Status De kaktusmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn delsettings yn it woastinige súdwesten fan 'e Feriene Steaten kringe kaktusmûzen soms minsklike wenten binnen. Der binne gjin negative effekten fan dizze soarte op minsken bekend. Inkele spesimina út Súdlik Kalifornje binne posityf test op it hantafirus, dat foar minsken potinsjeel deadlik is, mar it tinken is dat it dêrby gie om ynsidintele yndividuele besmettings en net om in reservoir fan firusdragers, sa't by guon oare soarten mûzen en rotten it gefal is.
Undersoarten De kaktusmûs hat ferskate ûndersoarten, mar it krekte oantal is noch in striidkwestje mank mammalogen. De ûndersoarte mei de grutste fersprieding is de nominaat (Peromyscus eremicus eremicus). De Noardnederkalifornyske hartemûs (Peromyscus fraterculus), dy't foarkomt op it Kalifornysk Skiereilân, yn Súdlik Kalifornje, yn 'e súdpunt fan Nevada en yn noardwestlik Arizona boppe de Grand Canyon, waard foarhinne ek lange tiid as in ûndersoarte fan 'e kaktusmûs sjoen, mar no is dúdlik dat dat bistke in selsstannige soarte is.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Wytpoatmûs Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko
