De Goodreads Choice Awards binne in groep Amerikaanske literêre publyksprizen dy't sûnt 2009 elts jier útrikt wurde troch de boekewebside Goodreads.com. De registrearre meidoggers fan 'e webside, wêrfan't der yn july 2013 mear as 20 miljoen wiene, kinne boeken foar dizze prizen nominearje, wêrnei't der in stimming plakfynt, ek ûnder de meidoggers, om 'e winners te fêst te stellen. De Goodreads Choice Awards wurde yn tweintich ferskillende kategoryen útrikt.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Goodreads.com
Kategory:Science fiction-priis Kategory:Fantasypriis Kategory:Horrorpriis Kategory:Amerikaanske berneboekepriis Kategory:Amerikaanske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2009
en:Goodreads#Readers Choice Awards