De Universiteit fan Kopenhagen (Deensk: Københavns Universitet) is de âldste en grutste universiteit fan Denemarken en ien fan de earsten fan Noard-Jeropa. De universiteit is ferspraat oer ferskate plakken yn en bûten de stêd; it âldste diel stiet yn it stedssintrum.
Yn 1475 joech Paus Sixtus IV tastimming foar de stichting fan in universiteit. Fjouwer jier letter, yn 1479, waard dy fan kening Kristiaan I ynwijd. Op dat stuit hie de universiteit fjouwer fakulteiten: teology, rjochten, medisinen en filosofy.
Fakulteiten Nei tal fan feroarings yn de goed 500-jierrige skiednis hat de Universiteit fan Kopenhagen no seis fakulteiten:
Teologyske fakulteit (dän: teologi / Abk. TEOL) Juridyske fakulteit (jura / Abk. JURA) Sosjaalwittenskiplike fakulteit (samfundsvidenskab / Abk. SAMF) Fakulteit medisinen (sundhedsvidenskab / Abk. SUND) Humanistyske Fakulteit (humaniora / Abk. HUM) Natuer- en Miljeuwittenskiplike fakulteit (natur- og biovidenskab / Abk. SCIENCE)
Kopenhagen Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1479