De Universiteit Malmö (Sweedsk Malmö universitet) is in publike hegeskoalle yn de súd-sweedske stêd Malmö. Mei goed 24.000 ynskreaune studinten en sa'n 1.600 meiwurkers is it de njoggende nei grutte yn Sweden.Malmö högskola - Högskolan i siffror, Webstee fan de universiteit Malmö. 2. desimber 2013.
Skiednis De noch jonge hegeskoalle waard yn 1998 stichte, twa jier nei it beslút fan it regear om yn Malmö in ûnderwiisynstitút te stichtsjen. De Universiteit Malmö is ynternasjonaal oriïntearre, hat útwikselingsoerienkomsten mei 240 oare universiteiten en benei in tredde part fan de studinten hat in bûtenlânske eftergrûn. De universiteit leit yn it sintrum fan de stêd oan de Universitetsholmen, en hat in wichtige rol spile by omfoarming fan Malmö fan yndustrystêd nei in sintrum fan ûnderwiis Malmö en värsting på kris och förnyelse, Sydsvenskan, 2009-04-11 . In grut part de kampus is boud op it stee dêr't oant mids jierren 80 in skipswerf lei.
Rektors Kerstin Tham (1 novimber 2015 –) Stefan Bengtsson (2011–2015) Lennart Olausson (2002–2011) Per-Olof Glantz (1998–2002)
Malmo Kategory:Malmö Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1998