Rutger Adolf Benthem Reddingius (Dronryp, 3 maart 1801 - Ten Boer, 30 maaie 1863) wie in Nederlâns arts en boargemaster.

Biografy Reddingius, telch út it laach Reddingius, opnaam yn it genealogysk neislachwurk Nederland's Patriciaat, wie in soan fam dûmny Wibrandus Gerardus Reddingius (1776-1852) en Wijtje Benthem. Hy ferneamd nei syn pake fan memmekant, Rutger Adolf Benthem. Hy studearre fan 1818 ôf medisinen oan de Grinzer Hegeskoalle en promovearre yn 1824 mei de dissertaasje De vi atque eflectu mortis et dementiae, cum in reorum damnationem tum in damnatorum poenam.Nij Nederlânsk Biografysk Wurdboek: Reddingius, Rutger Adolf Benthem Hy wie fan om 1826 hinne dokter yn Ten Boer. Fan 1834 oant 1852 wie er boargemaster fan de gemeente Ten Boer.

Reddingius wie troud mei Catharina Folmer. Sy krigen ûnder oaren in soan Wibrandus, dy't ek boargemaster yn Ten Boer wurde soe. Reddingius stoar yn de âldens fan 62 jier yn Ten Boer.

Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk dokter Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Dronryp Kategory:Persoan berne yn 1801 Kategory:Persoan stoarn yn 1863