De pinjonmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus truei) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke komt foar yn it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten en op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. It is ferneamd nei de pinjondin, in type dinnebeam. De pinjonmûs is in nachtdier mei in omnivoar dieet, dat in ûndergrûnske hoale graaft om yn te wenjen. De IUCN klassifisearret de pinjonmûs as net bedrige.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e pinjonmûs wreidet him út oer it meastepart fan 'e súdwestlike steaten fan 'e Feriene Steaten. Dêrûnder binne hast hiel Nij-Meksiko en Nevada en fierders Arizona útsein de Sonoarawoastyn yn it súdwesten, Kalifornje útsein de Mojavewoastyn yn it súdeasten en de Sintrale Delling, it súdwesten fan Oregon, it westen, suden en easten fan Utah, dielen fan westlik en súdeastlik Colorado en it Guadalupeberchtme yn West-Teksas. Yn Meksiko rint de fersprieding fierder op it noardlike diel fan it Kalifornysk Skiereilân. Fierders is der in isolearre populaasje yn 'e Teksaanske Panhandle, yn 'e omkriten fan 'e Palo Duro Canyon oan 'e noardlike útein fan 'e Llano Estacado.

Uterlike skaaimerken De pinjonmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9,9 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 10,6 sm en in gewicht fan 20 g. De earen binne grut yn ferhâlding ta it lichem en hawwe in lingte fan 2,4 sm. De efterpoatsjes mjitte 2,3 sm. De eagen binne grut en swart. De pels is langhierrich en sêft. Op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en siden fariëarret de kleur fan dûnkergriis oant ljochtbrún. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poatsjes) binne witich. Soms sit der in okerkleurich plak op it boarst. De sturt is lang en koartbehierre, mei in boarstelige sturtein en oer de boppekant in dûnkere streek.

Biotoop Pinjonmûzen binne yn haadsaak bewenners fan iepen woastinen en healwoastinen en teffens fan drûge dinnewâlden mei pinjondinnen. Yn bercheftige kontreien, dêr't se oantroffen wurde kinne op rotseftige skeanten, komme se foar oant 2.300 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen De pinjonmûs is in nachtdier dat de dei trochbringt yn in ûndergrûnske hoale, of as de grûn te stiennich is om yn te graven, yn spjalten en holten tusken en ûnder rotsen. Hy is in goede klimmer, dy't syn lange sturt ynset om op hege plakken syn lykwicht te behâlden. Soms graaft er gjin hoale, mar makket er ynstee in nêst yn in beam. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de pinjonmûs op ljochtmoannenachten minder aktyf is, foar 't neist om't er dan, trochdat it ljochter is, in grutter risiko rint om troch rôfdieren fongen en ferslynd te wurden.

Pinjonmûzen hawwe in grutter territoarium as oare soarten út it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). It kin yn it gefal fan 'e mantsjes in oerflak fan wol 2,9 ha hawwe. Mooglik hat dat te krijen mei it feit dat de pinjonmûs yn sa'n drûch gebiet foarkomt, dêr't net folle fretten foarhâns is.

De peartiid kin him trochgeand oer it hiele jier útwreidzje, mar berikt yn 'e perioade fan april oant en mei juny in hichtepunt. It mantsje hat nei de pearing neat mear mei it fuortplantingsproses te krijen. It wyfke smyt nei in draachtiid fan likernôch 26 dagen 3–6 jongen, dy't by de berte keal en blyn binne, en folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de mem. Mei 14 dagen is de pels yngroeid en mei 28 dagen wurde jongen ôfwûn. Wyfkes binne mei likernôch 50 dagen (7 wiken) geslachtsryp en mantsjes mei sa'n 65 dagen (9 wiken). De libbensferwachting bedraacht foar in pinjonmûs minder as 1 jier.

Fretten It dieet fan 'e pinjonmûs bestiet winterdeis foar it meastepart út sieden fan jeneverbeibeammen (Juniperus spp.) en de beien fan ferskate oare plantesoarten. Hjerstmis fret er fral ikels fan ferskillende soarten iken (Quercus spp.). Pinjonmûzen grave gauris gatten yn 'e grûn om it oerskot oan sieden en ikels yn op te slaan foar lettere, skrielere tiden. Fierders steane ek poddestuollen op it menu. By 't simmer frette se fral wringeleas dierte, lykas ynsekten en oare lidpoatigen. Se binne wend om mei mar in hiel lyts bytsje wetter ta te kinnen, wat de reden is dat se yn har drûge ferspriedingsgebiet oerlibje kinne.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e pinjonmûs binne ûlen, lykas de kaktusûle (Micrathene whitneyi), de hoale-ûle (Athene cunicularia) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), en rattelslangen, lykas de prêrjerattelslang (Crotalus viridis), de giele rattelslang (Crotalus concolor), de swarte rattelslang (Crotalus cerberus), de swartsturtrattelslang (Crotalus molossus), de Teksaanske rattelslang (Crotalus atrox) en de westlike rattelslang (Crotalus oreganus). Fierders foarmje ek de kitfoks (Vulpes velox), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis) en de sulverdas (Taxidea taxus) in gefaar.

Status De pinjonmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten Peromyscus truei comanche (de omkriten fan 'e Palo Duro Canyon yn 'e Teksaanske Panhandle) Peromyscus truei truei (de nominaat; de rest fan it ferspriedingsgebiet)

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Wytpoatmûs Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko