De jerboä's (wittenskiplike namme: Dipodidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de lyknammige boppefamylje fan 'e jerboä's (Dipodoidea). Dizze taksonomyske groep bestiet út mear as 50 ûnderskate soarten, dy't lânseigen binne yn Jeraazje en Noard-Afrika. Dêrûnder binne de fjouwer skaaien fan echte jerboä's, dat yn 'e regel woastynbewenners binne, en fierders de dêrmei nau besibbe springmûzen en bjirkemûzen, dy't foarkomme yn greidlân, wâlden en bergen. In skaaimerk dêr't alle jerboä's har mei ûnderskiede fan oare kjifdieren is dat se by steat binne om út stân wei grutte sprongen te meitsjen op 'e beide efterpoaten, sûnder dêrby mei de foarpoaten de grûn oan te reitsjen.
Famylje-opbou
famylje jerboä's (Dipodidae) ûnderfamylje birkemûzen (Sicistinae) skaai bjirkemûzen (Sicista): 13 soarten ûnderfamylje dwerchjerboä's (Cardiocraniinae) skaai Balûtsyske dwerchjerboä's (Salpingotulus): 1 soarte skaai echte dwerchjerboä's (Salpingotus): 5 soarten skaai fiifteansdwerchjerboä's (Cardiocranius): 1 soarte ûnderfamylje fiifteannige jerboä's (Allactaginae) skaai bobrinskijerboä's of Bobrinski's jerboä's (Allactodipus): 1 soarte skaai fiifteannige jerboä's (Allactaga): 13 soarten skaai grousturtjerboä's (Pygeretmus): 3 soarten ûnderfamylje langearjerboä's (Euchoreutinae) skaai langearjerboä's (Euchoreutes): 1 soarte ûnderfamylje springmûzen (Zapodinae) skaai boskspringmûzen (Napaeozapus): 1 soarte skaai echte springmûzen (Zapus): 3 soarten skaai Sineeske springmûzen (Eozapus): 1 soarte ûnderfamylje trijeteannige jerboä's (Dipodinae) tûke echte trijeteannige jerboä's (Dipodini) skaai Afrikaanske trijeteannige jerboä's (Jaculus): 3 soarten skaai Aziatyske trije teannige jerboä's (Stylodipus): 3 soarten skaai lichtensteinjerboä's of Lichtensteins jerboä's (Eremodipus): 1 soarte skaai noardlike trijeteannige jerboä's (Dipus): 1 soarte tûke ûnechte trijeteannige jerboä's (Paradipodini) skaai ûnechte trijeteannige jerboä's (Paradipus): 1 soarte
Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Kjifdier